SDS-League: In ‘Boppeslach’ foar Hendrik!
9 april 2024Weppers freed 12-4-2024
12 april 2024SDS 1 – DWP 1
Sneon spilet SDS 1 thús tsjin DWP 1. SDS 1 kin alle stipe wol brûke yn de striid tsjin degradaasje, dus kom allegear. De wedstriid begjint om 15.00 oere.
Jan Kusters stoarn
Op 87 jierrige leeftyd is Jan Kusters fan Wommels ferstoarn.
Hij wie lid fan SDS fan oktober 1965 oant jannewaris 1970.
Hij wie foarhoedespiler en waard mei SDS 3 in kear kamipoen.
Doe’t alvetallen fan SDS yn Wommels fuotbalje moasten fanwege te min fjilden yn Easterein, wie hij ien fan de teesetters en/of teeskinkers.
Wij winskje soan Peter, dy’t ek lang lid wie fan SDS en de oare famylje sterkte ta mei dit ferlies
Tas
SDS 2 hie ôfrûne sneon de tas mei sjurtsjes stean litten yn de Harkema. Lokkich genôch wurket trainer Samir faak yn Grins en koe hy mei syn bus de sjurtsjes ophelje.
Poiesz-sparmuntenaksje
Oant ôfrûne snein koenen je by de Poiesz yn Skearnegoutum de munten ynleverje foar de Poiesz-sparmuntenaksje. Dit levere SDS ôfrûne wykein noch aardich wat munten op. Ynkoarten sil de útslach wol komme. Elkenien alfêst tige by tige foar it sparjen fan de munten.
De SDS-koker ‘sierde’ oer
Dropaksje
Ynkoarten is by SDS wer de tradisjoniele dropaksje foar de jeugd. Ynkoarten mear nijs dêr oer.
Sc Heerenveen – PSV-kaartenaksje stoppe
It gie aardich hurd mei de kaarten foar sc Heerenveen – PSV dat sc Heerenveen de kaartenaksje foar de ‘partneramateurklups’ slúten hat. Je kinne dus net mear foar 10 eurie in kaart helje. Der binne efentueel fia de webside fan sc Heerenveen noch wol wat kaartsjes te krijen.
Kantine
Moarntejûn is de kantine nei it trainen wer iepen fanôf in oer as 20.23 oere. Enne Bruinsma fersoarget de hapkes en snapkes.
Arjen Stremler
Ald-SDS’er Arjen Stremler docht it mar knap by ONS 1. ONS 1 spilet yn de 1e-Klasse en stiet 2e krekt 1 puntsje efter ‘d Olde Veste 1. Ofrûne sneon wûn ONS mei 7-0 by Marum. Arjen makke binnen in heal oere in suvere hattrick. Arjen hat dit seizoen al 9 kompetysjedoelpunten makke, 3 yn de beker en 6 yn oefenwedstriden. Us kompliminten!
Gjin nijs
Johan Derksen hat wer ris fan him heare litten troch te stellen dat SDS’er Habtamu de Hoop gjin Fries is. Moai dat Habtamu hjir ferstannich op reageard hat en spitich dat Johan Derksen ús op ‘e nij in reden joen hat om net mear nei him te sjen of te lústerjen. Sjoch hjir.
Harsens derby (2240)
Twa miggen yn ien klap……….
Dit bericht op Instagram bekijken