Gosse Smeding is ferstoarn
8 oktober 2018SDS-League: ‘Dirks Angels’ pakt de wykpriis!
10 oktober 2018Sealteam
It is wer woansdei en dan komt it sealteam fan SDS meast yn aksje. Jûn om 21.00 oere op’e Jouwer ferlear SDS mei 5-1 fan Haskerland 3.
Wedstriidsponsers
Kommende sneon bij SDS 1- de Wâlde 1 binne “de 8 froulju fan SDS “wer sponser fan de wedstriid: Annie, Eke, Willy, Dukke, Gatske, Tiny, Baukje en Akke.
Spikerjaske fûn?
Igor Kalinowski fan SDS 4 is ôfrûne sneon syn spikerjaske mei wite bûntkraach kwyt rekke? Hat ien him miskien per ûngelok meinaam? Wa ’t mear wit mei wol efkes maile nei info@vv-sds.nl.
Bistedei
Ferline wike wie it bistedei. Sommige lju fine it dan aardich om harren favorite fuotbalklup yn it ljocht te setten mei in opstelling mei allinnich mar ‘bistenammen’.
Dat moat toch ek kinne by SDS tochten wy. Wy binne benijd! Mail je ‘SDS-bisteteam’ nei info@vv-sds.nl.
Graach foar bistedei 2019!
Tuskenstanden
Hoe’t de teams fan SDS der allegear foarstean kinne jim hjir sjen
De nije SDS-League
Jûn in oer as 19.48 oere komt de nijste stân!
Harsens derby (2058)
Knappe kopgoal!
Somehow this fella scores with his head, despite laying on the floor 😂😂 #SundayLeague (🎥 John Colvin) pic.twitter.com/mbECaYEiGO
— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 3 oktober 2018
Letter miskien mear!