Weppers woansdei 10-10

SDS League: JorImke pakt de wykpriis!
10 oktober 2012
SDS op de foto
10 oktober 2012

Fetmjitte
Dooitze sil by eltsenien út de A-seleksje tongersdeitejûn wer it fet mjitte en eltsenien weagje. Hy sjocht graach eltsenien op ‘e tiid yn de boks(ersjort…….).

Time Out Sport Sneek
SDS’ers dy ’t noch fuotbalskuon hawwe moatte kinne miskien wol efkes sjen by Time Out Sport yn Snits. Fan it bedrach wat dêr oan fuotbalskuon troch SDS’ers besteden wurdt giet der 5% fan it oankeapbedrach nei SDS. Liket ús in aardige reden om ris binnen te rinnen.


Fersetten
De sealfuotballers fan SDS 1 spylje op 17 oktober thús tsjin Blauw-Wit ’34 1. Dizze wedstryd is fersetten, want dy stie earst op 21 novimber. Wannear  ’t sy ynhelje moatte tsjin Irnsum is noch net bekend.

Foto
Foar it fotoboek moatte noch ferskeidene lju en fuotballers op de foto. Hjir kinne jim sjen wa.

Websidebesyk
It liket derop dat by tiden mei nammen it waar bepaald hoefolle besikers wy op de webside krije. Troch de wike lûke wy sa ’n 600 oan ’t 750 besikers deis. Yn it wykein is dat net folle oars. Op in reinige snein wol it besikersoantal wolris oprinne oan ’t 800, mar by moai waar bliuwe it der sa ’n 600. Ôfrûne freed en sneon wie eltsenien blykber tige benijd as it fuotbaljen wol troch gie, want doe hienen wy freeds mar leafst 1100 besikers en sneons 1350. Snein skynde de sinne en hienen wy wer 600 besikers.

Harsens derby(860)
By Borussia Dortmund rint
de lapemand aardich fol. De striker dêr krijt allerhande blessuregefallen op tafel: