Weppers woansdei 1-7

Oefenskema+seleksje SDS 1
29 juni 2015
Kompetysje-yndieling SDS 1
1 juli 2015

Frijwilligers SC Heerenveen – MVV
Wa ’t it wol wat liket om mei de wedstryd SC Heerenveen – MVV op freed 17 july frijwilliger te wêzen mei him of har wol  opjaan fia
info@vv-sds.nl. Wy sykje noch kofjeskinkers, stewards, frisferkeapers, memmen, alleskinners, opbouers, ôfbrekkers, ensfh.

Wedstrydstiper SC Heerenveen – MVV
Foar €25,- kinne je wedstrydstiper wurde fan SC Heerenveen – MVV. Hjirfoar krije je ien frijkaart en je namme komt yn it programmaboekje te stean. Klik
hjir om je op te jaan. De earsten hawwe dit al dien.

Foarferkeap SC Heerenveen – MVV
De foarferkeap foar SC Heerenveen – MVV is los. Je kinne kaarten krije by JUMBO Wommels, Camping de Finne yn Reahûs en by Douwe Reitsma, Smidslân 11 yn Easterein. Kaarten yn de foarferkeap koste foar folwoeksenen €8,- en foar bern o/m 14 jier €4,-. Oan de kassa koste se €10,- en €5,-

Line-up SC Heerenveen – MVV
As de spilers fan SC Heerenveen en MVV it fjild op komme soe it moai wêze as de F’kes fan SDS (fan ôfrûne seizoen) mei de spilers it fjild op komme. Der kinne 25 meidwaan. Alle F’kes binne hjir al oer maild en de earste 5 hawwe harren al opjûn.
Graach sa gau mooglik opjaan fia
dit formulier!


Penaltys yn de rêst fan SC Heerenveen – MVV
By SC Heerenveen – MVV meie de SDS-C’s fan ferline jier penaltys nimme op in jeugdkeeper fan SC Heerenveen.
Der kinne 10 meidwaan. As der mear harren opjaan dan hawwe wy middeis in foarronde. Alle C’s binne hjir ek oer maild.
Graach sa gau mooglik opjaan fia dit formulier!

Klean
Lju dy ’t der op freed 17 july kreas by rinne wolle kinne no yn de Feansjop it aldernijste SC Heerenveen-sjurt keapje (klik
hjir).
Thuisshirt 2015/2016

Hântekeningen
Juster setten Cavlan en Van den Boomen
in hântekening ûnder harren kontrakt by SC Heerenveen. Op freed 17 july kinne jim se nei de wedstryd SC Heerenveen – MVV yn Easterein om harren handtekening freegje.

Alderaardichst
No ’t keeper Nordfeld fuort is by SC Heerenveen, sykje sy noch in nije keeper. Miskien is dy fan Vitesse wat?
Permalink voor ingesloten afbeelding

Kompetysje-yndieling SDS 1
Moarn makket de KNVB de nije kompetysje-yndieling foar SDS 1 bekend.

Harsens derby (1520)
Dat krije je der fan as je Hulk hjitte en fuotbalje…….