Weppers woansdei 1-5

Nije trainer SDS 2!
30 april 2013
Pupillenskiedsrjochterkursus
1 mei 2013

Gjin trainen
De F’kes hawwe fannemiddei gjin trainen.
Hans

SDS 3 – NOK 2 tongersdei 2 maaie
18.15 yn de boks
19.00 fuotbalje

Remon, Marten, Willem, Ids, Hendrik, Sytse H., Pytrik, Gerlof Jan, Jentsje, Pieter, Andries, Mark, Bote en Ralph.

SDS League
De nije stân fan de SDS League kinne jim hjir moarntejûn op de webside ferwachtsje.


Tongersdei 2 maaie pupillenskiedsrjochterskursus
Moarn is der in pupillenskiedsrjochterskursus foar jeugd fan SDS. Dosint moarn sil Hessel Steegstra wêze. Dizze 35-jierrige Snitser hat yn it ferline SDS – Nijland(mei de blaue middenstip) noch wol floten, mar stie 20 jannewaris oan de line as assistint-skiedsrjochter by Feyenoord-Ajax. Hessel stelt him
hjir fierders efkes foar. It teoretyske diel begjint moarn om 10.00 oere en de te lieden wedstrydsjes om 13.00.

Programma jûn
Foar jûn steane der 2 ynhelwedstriden op it programma:
1-5-2013 19:00 SDS MC1 – Mulier MC1
1-5-2013 19:00 SDS 4 – Delfstrahuizen 4

Programma sneon 4 maaie
It programma foar sneon sjocht der
sa út.

Kroaning
Ien SDS’er wie der juster yn elts gefal by yn Amsterdam by de kroaning fan de nije kening. Habtamu de Hoop fan C1 wie troch boargemaster Liemburg útnoege om mei har mei te gean.
Permalink voor ingesloten afbeelding

Harsens derby(1018)
Ek by de froulju wurdt der wolris in grutte kâns om sjippe holpen…………… frouljussjippe wolteferstean: