Ned. Techniek Kampioenskippen
9 oktober 2008Weppers freed 10-10
9 oktober 2008Floris
In soad minsken hawwe noch in bult fragen oangeande Floris Hiemstra. Wy hawwe hjir wat antwurden:
Hoe it mei Floris?
As wy him freegje dan seit hy “best”. Hy baalt der as in stekker fan dat hy noch in skoftke yn it sikenhûs bliuwe moat. Hy hat tiisdei pas it ûndersyk yn Amsterdam. Foar de rest fermakket hy him best.
Kinne wy sa by Floris del yn it sikenhûs?
Floris fynt it machtich as der minsken by him del komme. Wol jout hy oan dat it soms wat tefolle is. Hy hat by tiden 10 minsken om it bêd sitten. Hy soe it aardich fine as je earst efkes belje foardat je by him komme. Dit is syn nûmer: 0515-488682.
Yt Floris wol sûn yn it sikenhûs?
Floris hat 3 fruitmanden by syn bêd stean, dus dêr sitte wy net oer yn. Dêr stiet mear fruit dan Floris yn syn hiele libben oan ’t no ta hân hat.
Hoe sit it mei dat kaartsje út dy defibrilator?
Eelke Dotinga fan WPB hat in skoftke oan it pielen west om it hertfilmke fan de defibrilator op in skyfke te krijen. Dit is úteinlik slagge en hy hat it juster by de kardioloog brocht.
Hoe komt it no fierder mei Floris?
Floris seit dat it hiel goed mooglik is dat hy in interne defibrilator krijt. Fansels hinget alles noch ôf fan alle ûndersiken dy ’t hy noch krijt.
Wurdt WPB 1 – SDS 1 echt folgende wike al ynhelle?
Rekkenje je dêr mar net op. Fan WPB witte wy dat sy der alles oan dogge om de wedstryd út te stellen. It barren is allegear noch te farsk om folgende wike alwer tsjinelkoar te fuotbaljen.
Begjint WPB 1 – SDS 1 wer mei 0-0?
Nee. De wedstryd begjint wer yn de minút wêr ’t der stillein is op de stân fan 0-2.
Moves & Skills
De jeugd fan SDS tusken de 7 en de 16 dy ’t graach de technyk fan Christiano Ronaldo, Gerald Vanenburg of Skelte Anema hawwe wol, moat hjir seker oan meidwaan(klik hjir).
Gjin keeperstrainen
Der is jûn gjin keeperstrainen fan Jaap en Marten.
Jaap
Rûnom Easterein
Op snein 9 novimber sil foar it earst yn de histoarje de wielerronde “Rûnom Easterein” fytst wurde. 3 jonge knapen hawwe de organisaasje hjirfan op harren nommen; Dirk-Yde Basso, Anne Museeuw en Robert Landis. Binnenkoart komme wy mei mear ynformaasje hjiroer. Hâldt de datum mar fêst frij!
Leuk!
Letter mear!