Fan de Skoalleseize
6 maart 2018SDS-League: ‘Pablo Rispens’ en ‘FC REJO’ pakke in wykpriis!
8 maart 2018SDS seal
At alles goed gien is, hawwe de jonges út de seal drok oan it baljen west. Tsjin Black Boys waard it in 3-7 nederlaach.
Kantine is iepen!
Jûn wurdt der wer folop traind by SDS! Jan Stenekes docht de kantine om 20.30 oere iepen sadat dêr noch efkes noflik neisitten wurde kin. Jan draait fêst in noflik stikje muzyk en tagelyk kinne de wedstriden yn de Europa-League besjoen wurde. Jim binne allegear fan herte wolkom!
SDS 1 om 17.00 oere
Wij kinne it net genôch beneidrukke. SDS 1 spilet sneon om 17.00 oere thús tsjin Willemsoord 1. Nei de tiid muzyk.
SDS 1
Suksessen út it ferline biede gjin garansje foar hjoed de dei, mar wij sjogge dochs efkes werom nei de ienige eardere konfrontaasje yn Easterein. Sjoch hjir foar mear ynformaasje
Wedstriidsponsers
Ek dizze kear wer twa wedstriidsponsers, wêr’t de klup hiel bliid mei is.
SDS 4
De kans dat SDS 4 sneon fuotballet is s goed as 100%. No ’t SDS 1 pas om 17.00 oere fuotballet kin SDS 4 moai de foarwedstryd spylje op keunstgers om 14.30 oere tsjin Scharnegoutum 3. Wy ferwachtsje dan ek bulten supporters!
Ut in âlde krante
Dit stik komt út it seizoen 1983-1984.
Topskoorderslist aller tiden
Hjirûnder de boppeste 15 fan de topskoorderslist aller tiden fan SDS 1. Hy is noch net kompleet, want wy hawwe noch net alle doelpuntenmakkers op Voetbalnoord sette kinnen.
Wy tinke dat Hendrik de Jong noch wol graach in pear goaltjes meitsje wol yn SDS 1 om op 100 stiks te kommen. Oftewol 4 stjêrren op Voetbalnoord.
1 | Jappie Wijnia | 219 |
2 | Hendrik de Jong | 96 |
3 | Robert Sybesma | 93 |
4 | Klaas Okkema | 81 |
5 | Jelmer Posthumus | 62 |
6 | Dirk-Yde Sjaarda | 62 |
7 | Floris Hiemstra | 59 |
8 | Douwe-Durk Reitsma | 44 |
9 | Wichard Deinum | 42 |
10 | Wim Bakker | 40 |
11 | Harm Stremler | 37 |
12 | Henk Walda | 36 |
13 | Wouter Hylkema | 33 |
14 | Gert-Jan Hiemstra | 32 |
15 | Tsjipke-Klaas Okkema | 31 |
In reade kaart? Wat?
In terjochte reade kaart?! Wat? Watt! (klik hjir)
Harsens derby (1993)
It keunstgers hat ferskeidene nei- en foardielen. Ien foardiel is dat je net folle schwalbes sjogge………..
Letter miskien wol mear!