Fan de Skoalleseize

Weppers moandei 5-3-2018
5 maart 2018
Weppers tongersdei 8-3-2018
8 maart 2018

Somtiden moat der efkes wat fan de Skoalleseize op de SDS-side om wat rigeltsjes op ‘e nij oan it ljocht te bringen en mei wat nijs te kommen.

  • De bierglêzen wurde grutter! Heineken levert namelijk gjin 22 cl glêzen mear, mar 25 cl! Gjin probleem fansels, al betsjut dat wol dat de priis dêr op oanpast wurdt.
  • Der komt in ekstra doar yn it hek om it keunstgersfjild sadat de goals wat makkelijker fan it fjild ôfhelle wurde kinne, sadat se net mear foar de doaren fan de berging stean bliuwe. De goals moatte nei eltse training fan it fjild ôf.
  • De reklamebuorden graach net brûke as goals. Hjirtroch geane se stikken.
  • De rookpeal is ferpleatst fan de tagong nei de sydkant fan de kantine, sadat oare lju minder lêst fan de reak hawwe.
  • De Skoalleseize bepaalt de slútingstiid fan de kantine yn gearwurking mei it betreffende barpersoniel, mar de ôfspraak mei ‘Noflik’ en ‘sportkafé De Greidhoeke’ is dat de kantine om 19.15 oere slút. Fansels binne hjir útsûnderingen op.
    It barpersoniel regelt ek de muzyk en it folume hjir fan. As je gjin bartsjinst hawwe dan kom je net efter de bar.
  • Yn de boksen mei gjin bier dronken wurde. Net nei in training, mar ek net nei in wedstriid.
  • De kantine is moai opknapt. Hopenlijk meie jim it wat lije!