Weppers tongersdei 7-10-2021

Sportyf partnerskip mei sc Heerenveen
6 oktober 2021
Seleksjes sneon 9-10
8 oktober 2021

In nije fersoarger!

Wytske Vermeulen fan Topfysio hat oanjûn de taak fan fersoargster/strykster wol op har nimme te wollen by SDS 1. Sy sil tongersdeitejûns beskikber wêze tusken 19.00 en 20.00 oere. Sneons is sy der net by. Wytske wol dit wol dwaan oant de winterstop. SDS bliuwt dus op syk nei in fêste fersoarger, mar foarearst is dit al supergoed nijs.

Wytske op de foto mei har freon Skelte.

SDS Vr.1 spilet thús

De froulju fan Vr.1 spylje sneon harren earste thúswedstriid fan it seizoen. Sy dogge dat om 12.30 oere tsjin Steenwijkerwold Vr.1. De muoite wurdich om efkes te sjen liket ús ta.

Dûbel kassa

It is dizze wike dûbel kassa foar Dirk Stegenga. Hy pakte net allinnich de wykpriis yn de SDS-League, mar hy mei sneon ek noch yn it kassahokje sitte by SDS 1 – TONEGO 1. Popko Wijnia nimt in ATV-dei op en sit der de folgende thúswedstriid wer.

Kantine iepen

Yn de kantine is jûn ek wer iepen. De hapkes en snapkes binne yn hannen fan Marten Faber. Tige de muoite wurdich om efkes del te kommen tochten wy sa.

Lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhh!

Good-old Appie Posthumus is hjoed jierdei! Wy winskje him in hiele noflike dei ta en sjogge der nei út om him kommende sneon persoanlijk lok te winskjen!

De nije Treffer

De Trefferredaksje is dwaande mei de nije Treffer en hoopt ein oktober klear te wêzen. Hawwe jim noch nijtsjes of oars wat foar yn de Treffer lit it ús dan witte.

SDS Look-a-likes

Foar de nije Treffer binne wy ek wer op syk nei nije SDS-look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl en miskien komt der dan yn de folgende Treffer!

 

Letter miskien letter mear!