Weppers tongersdei 6-8

Weppers tiisdei 5-8
5 augustus 2008
Weppers freed 8-8
7 augustus 2008

Freule
Dit jier gjin SDS-ers yn de prizen op de Freulepartij. Dochs kinne wij fanút de priiswinners wol in linkje lizze nei SDS. Paulus Yde Walda is de soan fan Henk Walda en dy hat jierren bij SDS 1 fuotballe.

OS poultje

Simpel 



It is hjoed tongersdei en mooglik binne jim net hiel fit. In moaie dei om it OS poultsje noch efkes yn te fullen. Want it fuotbaljen begjint hjoed. It is in lytse muoite. At jim hjir sjogge, dan kinne jim registreare. Jou oan dat jim meidogge yn de subpool SDS en klear is Kees.

In Fryske flagge mei…..
Dirk Yde is oankommen yn Beijing! En at alles goed giet sit hij hjoed al op de tribune bij Nederlân- Nigeria (19.45 oere). Hij is te herkennen oan in Fryske flagge. Mei in spesjaal merkteken…..  Sjoch
hjir

Want keure
Erik Haitsma hat in oare want. Dy moast fansels keurd wurde. Dat koe moandei. Heit Drees nei Bitgum. “Kin Erik hjir sels net komme mei de want”? fregen de twa wantenkarmasters. “Nee”, sei heit Drees, “Erik hat jûn it WK.”.
Wylst de iene karmaster sjocht of sjuocht er wetter brânen, knikt de oare fol begryp.  Ja, Oebele Anema begreep wol hoe wichtich it WK foar in SDS-er is.

Jierdei
It is hjoed de jierdei fan Jacob Klaas Haitsma. 24 jier wurdt hij al wer. Syn feessie hat hij tiisdei al hân.

Trije reade strepen


Arjan Posthumus wie juster kontroleur op de Freule. Sa koe der syn foet moai rêst jaan, want de trije strepen op de knibbel binne net makke troch in reade stift….