Weppers tongersdei 6-10-2022

SDS-bistedeiteam
4 oktober 2022
Weppers freed 7-10-2022
7 oktober 2022

Kluplotten

Bêste SDS-ers,

Ek dit jier dogge wy as klup wer mei oan ‘De Grote Clubactie’, dy aksje is ynmiddels begûn. 
Dat betsjut dat elk senioarenlid (fanôf JO-19) twa lotten krijt. Dizze kinne jim ferkeapje as sels behâlde foar €3 it stik. Fansels bin der elts jier wer leuke prizen te winnen en dêrneist stypje jim SDS. 

De papieren lotten krije jim dit wykein as nije wike fan jim lieder, trainer as oanfierder. It jild wat jim krije mei it ferkeapjen fan de lotten, mei jim sels hâlde. Dit jild wurdt mei de kontribusje fan ‘e 2helte fan it seizoen ferrekene. 

Ha jim noch fragen? Lit it dan witte, mail nei: sekretaris@vv-sds.nl as belje/app nei 06-21467278.

Groetnis, Tryntsje
Skriuwster SDS

Meinte-Sixmatoernoai

De hjerstfakansje komt der wer oan, dus dat betsjut dat der ek wer in Meinte-Sixmatoernoai plak fine sil foar de jeugd fan de mini’s oan en mei de JO13. Dit sil plakfine op woansdei 19 oktober fan 14.00 – 16.30 oere.
Graach oanmelde foar snein 16 oktober 18.00 oere, mar graach sa gau mooglik.
Je kinne je hjir opjaan.

Meinte Sixma ( 1922 – 5-10-1993) hat yn it ferline in soad betsjutten foar SDS

SDS 1 seal ûnderút

De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe juster thús mei 2-4 ferlern fan Sneek Wit-Zwart 3.

Lokwinske!

Harmke van der Werf fan SDS Vr.1 en Pieter Riemersma hawwe op de 19e fan de hjerstmoanne in lytse poppe krigen. Sy neame him Grytzen en as sy de genen fan mem hat kinne wy yn de takomst in nije SDS’er ferwachtsje. Of sa ’t efterop de envelop stie dy ’t SDS krige;
‘Wa wit yn de takomst in nij lid’
Wy winske Harmke en Pieter in soad lok, wille en sûnens ta foar lytse Grytzen.

Kantine

De kantine is jûn fansels iepen. Marten Faber sil jim betsjinje. Op it grutte skerm sil hy Feyenoord der wol foar hawwe.

Seleksjes

Moarn kinne jim hjir wer de seleksjes foar sneon ferwachtsje fan de senioaren. De JO19-1 is frij, dus wy hoopje dat alles wat makkelijk rûn komme kin. Dy fan SDS 4 en 5 binne fansels al klear.

Harsens derby (2096)

Roberto Carlos. Sa wurde se tsjinwurdich hast net mear makke.