Weppers tongersdei

SDS League: Team Pussy pakt wykpriis!
12 november 2008
Seleksjes sneon 15-11
14 november 2008

Traine
Der kin hjoed oan ’t no ta wol traind wurde. Wy hawwe om 18.00 yn elts gefal noch gjin berjocht hân. Hâldt de webside mar goed yn de gaten.

SDS 1 nei Snits
It earste treent jûn fan 20.30 oere oant 22.00 oere op it nije keunstgersfjild yn Snits fan VV Sneek. Fertrek om 20.10 oere bij de Skoalleseize (doch de trainingsklean mar fêst oan).
We moatte sels de ballen, hesjes en dopkes meinimme
(corvee ploech: Anne, Jaap & Hendrik). De kantine yn Snits is net iepen, we kinne der nei ofrin wol douche.
We hawwe jûn gjin besprekking dus de corvee ploech kin de panne mei gehaktballen ek wol thus litte.
Arjan en Redmer binne ferhindere.
Groet
Dick

Tink derom!
As SDS 1 traint op it nije kuenstgersfjild fan VV Sneek/Wit-Zwart moatte sy der al omtinke dat sy de ballen net op de grutte dyk knalle. De nije ballenfanger (fan 10 meter heech!!) is namelijk noch net pleatst (sjoch hjir).

Lody
Freedtejûn is de ledengearkomst fan SDS. Nei it skoft, dat op in gaadlik momint begjint, is der in optreden fan Lody Roembiak. Hij sil wat anekdoates fertelle oer syn fuotbalperioade.

Ferslach SDS 5
Jacob Plantinge mailde ús hjoed op ‘e nij syn ferslach oer de wedstryd fan SDS 5 tsjin CSL fan ôfrûne sneon. Blykber koe hy it net fine op de side. Dêrom spesjaal foar him nochris syn ferslach (klik hjir).

Read gjin probleem

Sneon spile WPB tsjin Heerenveense Boys. Yn it ferslach fan WPB kinne wij lêze dat harren keeper 4 kear yn de fout gie. En doe makke hij
in oertreding:
De speler ging de keeper voorbij en de tot overmaat van ramp haalde hij de speler neer. Een strafschop voor de gasten en gelukkig voor de keeper gaf de scheidsrechter hem een rode kaart zodat hij voortijdig uit zijn leiden werd verlost.

Foutsje
De wepmasters fan Vitesse koenen juster net wachtsje op it rissultaat fan harren favoriten yn de beker tsjin de amateurs fan FC Lienden en pleatsten it berjocht dat Vitesse troch wie. Dat makke fierder ek net út, want dat soe Vitesse ommers dochs wol winne……(klik hjir).

Geweldich
Dit binne aksjes wêrfoar je as supporter nei it stadion komme: