Weppers tongersdei 3-11

Aginda ledengearkomst vv SDS
2 november 2016
SDS-League: De wike fan de Haitsma’s!
3 november 2016

Leden (2)

Tiisdei melden wy hjir op de webside it oantal leden fan SDS. Dit oantal kloppet net hielendal. Hjir sitte ek de net-fuotbaljen leden by lykas leiders en trainers.
Dit binne de sifers dy ’t betrekking hawwe op de fuotbaljende leden;
Novimber 2015; 359
Novimber 2016; 352
Dit jier dus krekt efkes wat minder fuotbaljende leden as ferline jier om dizze tiid.

Utsteld

Wij krije fanút Aldegea fia twitter berjocht dat Oudega VR1 – SDS VR1 net sneon mar moandei 7 novimber spile wurdt. Om 20.00 oere.

Skopfjild

It skopfjildsje foar de boksen bliuwt sawiesa nocht ticht oant en mei maart/april 2017. Sa krijt it gers moai de tiid om goed woartel te sjitten en lju geane net mei smoarge skuon op it keunstgers fuotbaljen.

Dug-outs

dug-outplaatsjes

Bin it net plaatsjes?

Boudewijn Kramer hat alderaardichste buordsjes makke foar op de dug-outs om dúdlik te meitsjen welke foar de thúsklup is en welke foar de útklup.

Kantine

De kantine is jûn ek wer iepen fanôf 20.30 oere. DJ Jan Stenekes sil ynstee fan Robert Sijbesma de jûn oanelkoar draaie. It grutte skerm stiet fansels ek wer oan mei de Europa-League-wedstriden fan Feyenoord en Ajax der op.

WPB 1 – SDS 1

Sneon hawwe wy de streekderby Waterpoort Boys 1 – SDS 1 om 14.30 oere op it Skuttersveld yn Snits. Op de webside fan Waterpoort Boys stiet in alderaardichste foarbeskôging. Sjoch hjir mar ris.

BlêdenKlaas Overal bledblaze

Juster leinen der allegear blêden op it keunstgersfjild, mar mei help fan ús grutte griene man, Klaas Overal,  wienen sy ek samar wer fuort!

Seal

De sealteamfuotballers fan SDS wienen justerjûn te bewûnderjen op de flier fan de Trije yn Frjentsjer. ZVF 1 wie de tsjinstanner.  De útslach wie 9-4.

SDS-League

Jûn stiet hjir om in oer as 20.32 oere de nijste stân fan de SDS-League wer op de webside. Soe ‘Frysk bloed Sjoerd op’ noch boppe-oan stean? Rint Boudewijn Kramer noch mei de reade lantearn. Jûn sille wy it witte!

Harsens derby (1785)

Fuotbalhumor!