Weppers tongersdei 3-10

Weppers tiisdei 1-10
30 september 2013
SDS League: Martijn & Dirk pakke wykpriis!
3 oktober 2013

Programma sneon
It programma fan kommende sneon kinne jim
hjir sjen.
Yn welke boks eltsenien sit kinne jim hjir sjen en noch wichtiger is fansels degene dy ’t fluitet.

SDS 1
Kommende sneon in nijsgjirrich treffen yn Easterein. SDS 1 nimt it op tsjin Redmar Strikwerda en Arjan Posthumus en 9 oare sc Bolsward fuotballers. De beide mannen binne dizze simmer oerstapt nei de nije fúzjeklup. It is tagelyk ek it treffen tusken Arjan en Jelmer Posthumus. Wij binne no al benijd hoe’t heit Appie dit op de Bunnikside en mem Akke op de lange side belibbet.

Goeie rie
Harm Auke Dijkstra is lieder fan SDS 5. Mar hij bemuoit him ek mei de tsjinstanner. Sa jout hij de kommende tsjinstanner Oudega 2 fia twitter adfys foar sneon
: Jullie kunnen beter niet trainen, straks blessures en moeten jullie morgen weer afbellen voor zaterdag…

Beker
SDS 5 is it ienige senioarenteam fan SDS wat noch yn de beker sit. Sy meie op sneon 19 oktober yn de folgende ronde bekerje út om 14.30 tsjin Workum 4.

Nije Treffer
It wurdt wer heech tiid foar in nije Treffer. Mochten jim wat hawwe foar de nije Treffer dan meie jim it maile nei
DeTreffer@vv-sds.nl. It moat dan wol foar 9 oktober binnen wêze.

SDS League
Jûn kinne jim hjir de nijste stân wer fine.

Streakers
Mar moai dat it sa stadich oan wer wat kâlder wurdt. Mei troch it moaie waar hienen sy ôfrûne sneon by de wedstryd tusken de froulju fan Knickerbockers 2 en Oranje Nassau 2 lêst fan mar leafst 3 streakers:


Harsens derby(1124)
It liket de wike fan de keepers te wurden. Jajuster yn de goeie sin, hjoed yn in iets mindere…..