Weppers tongersdei 28-6

Weppers woansdei 27-6
27 juni 2012
Balotelli’s 29-6
28 juni 2012

SDS EK-League
Noch 2 wedstriden te gean yn de SDS EK-League opsitten. Sjoch
hjir foar de aldernijste stân (gean nei “vv SDS” en druk op “stand”).
Bulder lit him fuort net oan de kant sette, mar Hendrik de Jong liket gjin gende te kinnen. Noch ien dei dan kraait de fiktoarje net mear yn Waaksens, mar yn Wommels?
Ek Jelte Pieter klimt wer omheech en Klaas Dijkstra begjint ek te drigen.

Lokwinske fan juster
Crissie Schramm wie juster jierdei en hat twa trijen op har buordsje stean.

Lokwinske hjoed
Jan Bouke Bouma mei foar him sels
in moaie plaat útsykje want hij is hjoed jierdei. 43 jier is de leeftyd wurden.

Feesten
It skynt in feest te wêzen om yn Easterein te wenjen. Ien kear per jier fiere se dat. Dat is kommende dagen: doarpsfeesten dus.

Poe?
Peppi (fan Kokki) mocht justerjûn de earste helte sjen fan Portugal – Spanje. Op in gegeven momint begie hy wat tsjin de sliep oan te eameljen. “Heit? Sy hawwe it oer Simao. Bedoele se dan Poe……………..Simao??”

WK
Jûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe. It begjint jûn om 19.30.

Harsens derby (800)
“Balotelli, he ’s a striker,………….. not a drinker….”


Letter mear!