Weppers tongersdei 28-2

SDS League: "FC Topie" pakt wykpriis!
27 februari 2008
Weppers freed 29-2
28 februari 2008

Periodetitel
SDS 1 kin sneon thús tsjin Trynwâldster Boys 1 de 2e periodetitel pakke. Sy meie winne, lykspylje en sels mei 1-0 ferlieze, mar hoe komt it as sy mei 2-0 ferlieze?(klik
hjir)

Streng
Hjir yn Nederlân binne se net
altiten like streng mei it jaan fan in skorsing. Sjoch Pardo fan Excelsior dy ’t nei in fikse kopstoot mar 4 wedstriden skorsing krijt. Yn Australië binne sy al wat strenger. Je meie fansels net oan de skiedsrjochter komme, mar 15 moanne skorsing is miskien wat oerdreaun(klik
hjir).

Útslach VI-kwis
De kwis spesjaal foar Klaas Dijkstra en ien fan ús wepmasters wie yn inkelde gefallen noch wol wat dreech. Klik
hjir foar de antwurden.

Eigen goal(4)
Dit is dochs wol ien fan de moaiste eigen goals ea……….