SDS-League: ‘FC Wiebelich’ pakt de wykpriis!
27 september 2018Weppers freed 28-9-2018
28 september 2018Seal
It sealteam fan SDS wachtet noch op de earste oerwinning. Juster waard ferlern mei 0-2 fan Black Boys 5
Bekeravontoer SDS 1
SDS 1 wie de foarronde trochkommen en wie dus ien fan de ploegen dy’t yn de bak siet foar de lotting fan de earste ronde. Op 10 novimber spilet SDS 1 tsjin Waskemeer 1. Waskemeer is ek in treddeklasser.
Sa sjocht de hiele lotting der út
Waskemeer?
Foar wa’t net wit wêr ’t Waskemeer oftewol Waskemar leit; it leit efter Moskou!
Mei de bus nei Grins!
SDS 2 mei sneon nei Grins te fuotbaljen tsjin Knickerbockers! In èchte buswedstriid dus. Sy fertrekke rûn in oer as 10.00 oere út Easterein en meie om 12.15 oere los. Wa ’t ek mei wol kin him melde by Jeroen Brouwer. Der is noch wol wat plak, mar wêz der snel by! It kostet €10,- per persoan.
Grootsneek
GrootSneek, de krante dy’t juster wer yn de bus foel, tagelyk mei Bolswards Nieuwsblad, hat in kreaze bijlage oer it amateurfuotbal yn de regio. Pieter Sytsma hat út namme fan SDS 1 it wurd dien.
Harsens derby (2054)
‘Tikkie werom, Jaap!’
Fella misses the penalty and then this happens 😂😂
(🎥 @JKSILVERTOWNFC) #SundayLeague pic.twitter.com/q3jht7PEdF— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 26 september 2018