Programma SDS Vr.1 seizoen 2021-2022
26 augustus 2021Weppers freed 27-8-2021
27 augustus 2021Oprop
Lijkt het je leuk om een ochtend/middag te helpen? Meld je dan snel aan via vrijwilligersskoalleseize@gmail.com


Flagger
Foar SDS 1 binne wy noch op syk nei in fêste flagger. Wa liket dit wat?
Oefenje
SDS 2 oefent sneon om 14.30 oere thús tsjin sc Bolsward 2, de ploech fan âld-SDS-2-trainer Okke van der Kamp.
SDS Vr.2
Juster koenen jim al hiel wat froulju fan SDS Vr.2 yn aksje sjen op de Frouljus-PC. Op freed 24 septimber kinne jim se foar it earst yn aksje sjen op it fuotbalfjild. Sy fuotbalje dan thús yn Easterein tsjin vv Dronryp, vv Oosterlittens en GAVC. It begjint om 19.30 oere.
De nije SDS-League!
De Eredivisie is alwer dwaande, dus dat wol ek sizze dat it wer begjint te kribeljen rjochting de nije SDS-League. De transfermerke is noch iepen oant en mei 31 augustus, dus it sil wol begjin septimber wurde ea ’t wy wer los kinne. Hâld de SDS-side mar goed yn de gaten!
Ballenaksje
Je kinne noch altiten jild donere foar nije ballen foar SDS fia https://www.ballenactie.nl/actie/vv-sds/
Remco Bervoets nei sf Deinum
Ald-trainer fan SDS Remco Bervoets sil dit seizoen oan de slach by sf Deinum as haadtrainer. Wy winskje him dêr in protte súkses!
Harsens derby (2309)
Tag a mate who would do something like this 😂
(🎥 INST/__KoKoTV__)#SundayLeague pic.twitter.com/PXEX6Lj7H7— Grassroot Goals (@GrassRootGoals_) August 19, 2021