Weppers tongersdei 26-7-2018

Weppers moandei 23-7-2018
23 juli 2018
Beker yndieling senioren
27 juli 2018

Transfernijs

VR1 hat de earste nije oankeap rûn. Elske Galema komt de gelederen fersterken.

SDS 4 sil it kommend jier gebrûk meitsje fan de talinten fan Luitzen Schaafsma

Tjitske Heeres set har te wenjen yn Grins en giet fuotbaljen bij the Knickerbockers

Agnes Posthumus wennet  yn Littens en sil dêr ek fuotbalje

Ofskie


VR 1 hat noch op offisjele wize ôfskie nommen fan ôfskie nimmende leden. Tjitske en Agnes nei in oare klup en liedster Jacomien Heeres stoppet….Wij sille har twiits ôf sa misse

ABBA

Neist de favorite band fan Appie Posthumus is ABBA bij de KNVB “it skema” foar it nimmen fan strafskoppen om ta in beslissing te kommen. Yn it betelle fuotbalk mar ek yn it amateurbekerfuotbal sil dit tapast wurde dit seizoen

Ald plakboek


In koart ferslachje út it seizoen 1972-1973

Net echt grien mear/noch


Willemsoord 1 sit bij SDS 1 yn de kompetysje, de ienige ploech oer de grins. Krekt oer de grins. It is foar SDS net te hoopjen dat se dêr al gau hinne moatte te fuotbaljen… It fjild is in brúne ramp op dit momint