Lêste trainingen
Wy binne hast oan de lêste trainingen fan dit seizoen ta. SDS Vr.1 trainde juster foar it lêst en jûn de mannen fan SDS 1 en de JO19-2. SDS 2 is tiisdei 30 juny de alderlêste dy ’t traind.
Teamyndielingen
De teamyndielingen binne sa goed as klear en komme ynkoarten hjir op de webside.
Yndieling kompetysje
Op 10 july makket de KNVB mei de yndieling fan de teams foar 2020-2021 foar A-kategory.
Yndieling beker
Op 24 july makket de KNVB de beker yndieling foar 2020-2021 foar de A- kategory
Koroana
Wij komme wer in stikje tichter bij it op nij begjinnen fan it fuotbal. Rutte makke juster wer wat fersoepelingen bekend en wat dat foar it fuotbal betsjut hat de KNVB hjir oanjûn.
Nije Treffer
De nije Treffer leit noch by ús haadstiper Drukkerij Van der Eems, mar soe samar dit wykein by jim troch de bus lizze kinne.
Seizoenkaart sc Heerenveen
Sc Heerenveen hat ynmiddels al mear as 6000 seizoenkaarten ferkocht. Hjir kinne fansels noch folle mear by. Asto dyn seizoenkaart fan sc Heerenveen ferlingen giest of do keapest ien dan is dit de SDS-code; 7059420. SDS krijt fan eltse ferkochte of ferlingde seizoenkaart wêr ’t de SDS-code ynfuld wurdt €10,-. It soe moai wêze as wy as SDS’ers op dizze manier sawol sc Heerenveen as SDS stypje kinne!
Klik hjir om je seizoenkaart te ferlingen of te keapjen. Giesto foar it Gouden of Sulveren Pompeblêd?
Harsens derby (2237)
Ho…………………..
He did everything right until the finish 😭
(🎥 Sport Video Official)#SundayLeague pic.twitter.com/MK7ADKqHrl— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) June 26, 2020