Weppers tongersdei 24-10

Weppers tiisdei 22-10
21 oktober 2013
Programma 26-10
24 oktober 2013

Meinte-Sixma-toernoai
It Meinte-Sixma-toernoai foar alle D-, E- en F-pupillen fan SDS wie juster op ‘e nij in grut súkses. Der waard alderaardichst fuotballe troch de jeugd mei drûch waar. Wol waaide it flink. De winners? Dat wienen fansels alle bern dy ’t mei in prachtige medaille wer nei hûs gienen.
Mochten der noch lju foto’s hawwe dan meie sy dy wol maile nei
info@vv-sds.nl.
Permalink voor ingesloten afbeelding

Programma sneon 26 oktober
It programma foar kommende sneon kinne jim hjir fine.

Treffers
De measte SDS-leden hawwe dizze wike de nije Treffer yn de bus krigen. Inkelden kinne de Treffer jûn nei it trainen ophelje yn de kantine:
-Skelte Anema
-Feiko en/of Grietzen Broersma
-Marco Rypkema
-Eddy Visser
-Feite de Haan

Wêr hiele lytse doarpkes grut yn binne 
No binne Easterein en Wommels gjin grutte doarpen, ek Nylân is dat net. Mar beide clubs, SDS en Nylân hawwe spilers dy komme út bygelyks Hidaerd of Hartwerd; noch lytsere doarpen. It ferhaal fan in fuotballer út Hidaerd, tsjintwurdich skiedsrjochter, wêrom hy fan SDS lid is en net fan Nylân, is in tin lintsje. De reden; myn broers sleinen rjochtsôf doe’t hja woene fuotbalje, dus as it linksôf wie west hie ik de rest fan myn libben in blau shirt droegen.
Goed, dat is skiednis. No hjoed. De by SDS wôl bekinde Stoffel Bouma, ek skiedsrjochter, komt fan oarsprong út Hartwerd. De wedstryd sikretaris fan Nylân, Jehannes Bloemhof, komt ek fan oarsprong út dit doarp. 
As dan de earder neamde (ex)Hidaerder bellet mei Stoffel en freget in wedstryd oer te nimme by SDS, om’t de wedstryd sikretaris fân Nylân noch in skiedsrjochter siket, dan is Stoffel direkt ree syn âld doarpsgenoot út de brân te helpen, nettsjinsteande dat it jeijeseizoen is! 
Gefolch, Stoffel fluit de D4 fan SDS en de earder neamde Hidaerder helpt Nijland út de brân en fluit har 2de team. 
Wêr dus hiele lytse doarpkes grut yn binne!!!
Friso
 

Dooitze
Jûn is Dooitze der net, mar Ant Folkerts wol.


Fûn spul
Der bliuwe op it heden noch wolris wat fuotbalklean lizzen yn de SDS-boksen. Sa binne der wat SDS-trainingsjaskes maat S 1x 164 1x en 2x maat 140.
Derneist ek in protte trainingsbroeken.
Mochten jim wat kwyt wêze nim dan efkes kontakt op mei Klaas de Haan, A. Joustrastrjitte 11, 8734 GJ Easterein, telefoon 0515-332182, e-mail: klaasenakke@ziggo.nl.

SDS-League
De nijste stân fan de SDS-League kinne jim hjir sjen yn de rin fan de dei.

Alderaardichst
Hy spile gruts, mar …………


Peppi & Kokki
Justerjûn noflik foar Celtic-Ajax doe ’t Viktor Fischer yn de earste plots iets fan in sprint oangie:
“Fischer hâldt yn!”.
Freget Peppi: “Wat hâld hy yn? Moat der pisje??………”

Harsens derby(1140)
3 wiken werom flein Ayanle Barkat troch de loft op in training fan SDS 2. Inkelde jongens hienen de broek wiet fan it laitsjen, mar de measten hienen neat sjoen. By dizze dan noch mar ris, mei tank oan Vidal fan Juventus: