Weppers tongersdei 22-4-2021

SDS-froulju op de foto
17 april 2021
Weppers freed 23-4-2021
23 april 2021

Titus

Bij ús buorlju feroaret er ek wat. Sporthal de Greidhoeke  hat ôfskie nommen fan behearder Titus (en Rigt). Yn de Ljouwerter Krante fan hjoed stie dit stik.

Yn Groot Sneek,  dat hjoed ek yn ús brievenbus lei, stiet ek in stik oer Titus en Rigt.

Okke

Fan Okke van der Kamp, ferline jier noch trainer bij SDS 2 is bekend dat hij gjin blêde foar de mûle nimt. Yn Groot Sneek kinne jim dan ek lêze wat hij fan de iene en de oare fynt.

Habtamu

It wie foar Habtamu de Hoop juster in histoaryske dei. Hij mocht syn easrte wurdtsje dwaan in de Twadde Keamer. En mei syn persoanlike wurden rekke hij in protte minsken. Sels yn it bûtenlân wie der oandacht foar .

Syn earste taspraak kinne jim yn dit koarte filmke heare en sjen

 

Foto 1980

Wij pleatsten dizze wike  mar leafst 9 foto’s fan teams fan froulju. Wij hiene in protte nammen mar wij misten der ek noch al wat. Wij krigen help fan in oantal minsken dy’t reagearden.  Wij neame Amarins Tjalsma, want dy soarge net allinne foar nammen mar ek noch foar 20 oare foto’s fan teams dêr’t sij yn spile hat. Mei alle nammen. Tige tank Amarins

Mar wij sittenoch altyd mei ien foto mei twa fraachtekens. Jan de Jong hat us al aardich op paad holpen.  Dat is de foto yn de Boalserter Krante fan 1980.  Mail ( aant@vv-sds.nl ) of app ús (0655117582).

Steand: Betty Okkema, Jetske Reitsma, Jetske van Beem, ? , Renske Kooistra, Jellie Westerhuis, Tsjikke Boonstra.
Op hurken: Hidde Westerhuis (trainer), ? , Klaske Kuiper, Pytrik Brouwer, Anke de Boer, Nantje de Boer.