Weppers tongersdei 21-1

Weppers woansdei 20-1
19 januari 2010
Weppers freed 22-1
22 januari 2010

Sneon SDS-sealtoernoai
No sneon 23 jannewaris is der wer in SDS-sealtoernoai foar de senioaren en A-junioaren. Dit begjint om 19.00. Eltsenien kin him opjaan by harren leider (SDS 3 by Jan en net by Jeroen, want dy is op wintersport)
of fia
info@vv-sds.nl.

Net iepen

Ha goeie, 

Kantine is jûn net iepen. 

Ek namens Hans. 

Groetnis,
Durk.


SDS 2
Der binne jûn gjin activiteiten foar sds 2.
Gr. Klaas


Sneon klaverjasse


No sneon 23 jannewaris is der klaverjassen yn de kantine foar elkenien dy’t wat mei SDS hat. We begjinne om 14.00 oere en spylje trije boomkes. De ynlis is 3 euro.

Kom graach op tiid. 

Aktiviteitenkommisje

Foar de F-kes

Zaterdag 23 januari  is er een acitiviteiten dag voor de F’jes.
Het begint om 09.00 en is ongeveer 12.00 uur weer afgelopen.
Sieta heeft hier wat leuks voor bedacht.
We hopen op veel jongens en dat het een leuke dag zal worden.
Groeten Sieta Tessemaker

Fan herte lokwinske!
Redmer Strikwerda is hjoed jierdei! Hy is 22 jier wurden. Fan herte lokwinske!

Te spinnen?
SDS 1 sil jûn wer te spinnen. Je moat der fan hâlde:


Spyldagenkalinder 2010-2011
De KNVB hat de nije kompetysje-yndielings foar de jongste jeugd noch net klear, mar wol alfêst de nije spyldagenkalinder foar it seizoen 2010-2011. Wat opfalt is dat de earste bekerwedstriden op 21 augustus binne en dat de earste ynhelwedstriden nei de winterstop al op 15 jannewaris binne. Dêrnêst hat de KNVB folgend jier yn it programma opnommen: “vooruit te spelen wedstrijden”. Sjoch hjir mar ris.

Harsens derby (115)
Manchester City jout hieltiten bulten jild út oan spilers, mar ferlear it wykein gewoan mei 2-0 fan Everton. Yn dizze wedstryd waard ek dúdlik dat de beste spiler fan Manchester City altiten op de bank sit (of der somtiden efkes neist stiet (klik
hjir).

Harsens derby (116)
Spiler Robbie Savage fan Derby County ambiëert in karriêre as fuotbal(radio)ferslachjouwer. It giet him aardich ôf en hy giet der hielendal yn op. Hjir kopt hy sels in bal werom yn it fjild……..