Weppers tongersdei 21.00

Doch mei oan de SDS-League!
4 februari 2010
Weppers freed 19.00
4 februari 2010

SDS 5 oefent ek?
It soe samar kinne dat ek SDS 5 sneon oefent. Der wurdt wurke oan in oefenwedstriid yn en tsjin Nijlân. Middeis om 14.00 oere. Wij sille freed noch efkes yn it waar sjen en sille dan mooglik beslisse. Mar it soe net ferkeard wêze dat de spilers der rekken meihâlde. Neffens ús hawwe se der ek allegear wer sin.

Ôflast
KNVB Noord hat foar sneon alle wedstriden alfêst ôflast.

Dit betekent dat SDS 1 sneon om 12.15 yn Tjallebert oefent tsjin vv Delfstrahúzen 1. 

SDS League
De earste teams foar de SDS League binne ynlevere, mar wy hawwe noch lang net genôch. Jim kinne it ynskriuwformulier
hjir fine en graach ynleverje foar kommende sneon 19.00.

Kantine ticht
Kantine is jûn net iepen.
Ek namens Hans.
Groetnis,
Durk.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 hat juster mei 4-3 ferlern fan Haskerland 1. SDS kaam binnen 2 minuten al op efterstân en rûnen dêrnei de hiele wedstryd efter de feiten oan. SDS wie allinnich neat minder en krige genôch kânsen. Haskerland spile op de kounter en dat die de Jousters fertúten. Mei de rêst stienen sy mei 2-1 foar. SDS gie de twadde helte wat te snel op syk nei de lykmakker en krige lyk twa kear it heft op ‘e noas, 4-1. SDS wist der noch in spannende pot fan te meitsjen troch 2 kear te skoren, mar de lykmakker woe der net mear yn. De goals waarden makke troch Tsjipke (2x) en Willem.
SDS 2 stie al gau foar tsjin Bolswardia 2 en rûn út nei 4-1. Yn de twadde helte wie it oarsom en kaam Bolswardia werom oan ’t 4-4. Úteinlik wûn SDS 2 dochs noch troch in punterke 44 sekonden foar tiid fan Pieter.

SDS 1 spint wer
We  lykje hast mear in fietsklup als in fuotbalklup ..
Jûn geane wy wer nei Wommels!
20.00 oanwêzich.
Foar de twa webmasters is ek in fiets reservearre!
We binne noch yn onderhandeling oer de warming up, mar dêrnei wurdt der wer spint!
Groetnis
Dick

Dat sille sy by SDS 1 ûnderhân wol witte tochten wy sa…

SDS 2 siket it hegerop
Mannen fan it twadde,
Tongersdei te jun geane we nei hegere sfearen….gjin tiid foar mietjes. It giet oan!!
We geane om 19.00 fuort ut Easterein en om 19.30 kinne los yn de Stolp te Snits.  
De hiele B-selectie is ferplicht te kommen, ek foar de blessure gefallen.
Meinimme: Broek tot oer de knibbels en sportskuon. De kosten binne 10 euries p.p.
Binne der spilers die net meidwaan kinne of net doare dan binne der noch genoch oare activiteiten te dwaan.
We meitsje der efkes in gesellich jûntsje fan!! 
Klaas

En dan seker wa ’t it earst ûnder is……….


SDS 3 giet wer los.
Tongerdei sil der fan 21.00 tot 22.00 yn (2/3e fan) de seal traint wurde.
Sneon stiet der offisjeel in kometysjewedstryd op it programma. Mocht dit net slagje prebearje wy wat oars te regeljen (seal/drave/muorre tennis/bowle/blowe/styl dûnsje……)
Fanof nije wike lykje alle trainingen wer op it fjild te kinnen (neffens Piet P). Dus gean der fanut dat we gewoan wer op de fêste tiden traine, mocht it oars wurde dan komt it op de site!!!!!
Groeten Jeroen en Jan

SDS 3 sneon oefenje?
As it fjild goedkeurd wurdt dan sil SDS 3 sneon yn Snits oefenje tsjin ONS 3. 12.00 fuotbalje en 10.45 fuort. De seleksje komt noch op de webside.
Jan

SDS 4,5 en 6 hawwe noch efkes geduld
Hoewol it fuotbal sneon wer begjint, leit it trainen op in leech pitsje. SDS 4,5 en 6 sille jûn seker noch net traine kinne. Wannear se wol begjinne, melde wij dat. Dúdlik is wol dat de begjintiid 20.30 oere wurdt en dat Klaas Okkema training jout.

Noch gjin trainen
Jun noch gjin traine foar de D1!
Remco


Noch gjin Kick-Off foar de jeugd
De Kick-Off foar de start fan de twadde seizoenshelft fan de jeugd (F,E,D-pupillen) gjit wegens de minne waarberjochten net troch. Ek Yppie de Clown hald net fan dat winterske waar. Derom sil it letter yn it seizoen plakfine. Jim heare op’e tiid wanneer…..
Tsjipke


Nei de Arena?
Mochten Dick en Klaas echt net mear witte wêr ’t sy hinne moatte foar in aktiviteit om ’t der noch altiten net traind wurde kin dan witte wy noch wol wat (klik
hjir).

Moai waar
Wylst wy hjir wat yn de snie en op it iis omgrieme, is Tsjeard Halbersma noch altiten ûnderweis yn de waarme sinne fan Nij Seelân. Sjoch
hjir.

Harsens derby (129)
Dit hakkie fan Guti fan Real Madrid fûnen wy it ôfrûne wykein dochs wol it hichtepunt. 99,9% fan de fuotballers soenen dizze bal op ‘e goal knalle, mar Guti wit oan ’t it lêst ta it oersicht te bewarjen al sjogge wy net hoe ’t hy dat docht. Kuenstich!