Weppers tongersdei 20-1

Weppers woansdei 19-1
18 januari 2011
Weppers freed 21-1
20 januari 2011

SDS 1 traint jûn yn Easterein
De trainingsfjilden sjogge der knap út en dus traint de
A-seleksje fan SDS jûn gewoan yn Easterein.
Let wol, de training start net om 20.15 oere mar om
19.45 oere!

De folgende minsken wurde ferwachte:
1. Skelte
2. Ewout
3. Feiko
4. Feite
5. Erik
6. Jacob-Klaas
7. Arjan P.
8. Jelmer
9. Harm
10. Redmer
11. Jaap
12. Tsjipke
13. Mark
14. Kristian 
15. Henk
16. Jacob van W.
17. Wytze
18. Marten

Leafhawwers kinne jûn kaarte
Boer, nel, 20, stille, wiet, pas, draaie, toto, maat, gjin maat, boom. Dat binne wat kreten fan it klaverjassen wat jûn wer spile wurde kin yn de kantine. Om 19.30 wol men begjinne dus iets earder komme is it beste.

Seal: SDS 1 pakt punt
SDS 1 hat juster mei 2-2 lykspile tsjin Blauw-Wit ’34 1. De Ljouwerters kamen mei 2-0 foar, mar yn de lêste 5 minuten kaam SDS dochs noch werom troch in goal fan Tsjipke en Wytze. SDS hie sels kâns op mear, mar miste yn de lêste sekonde noch in grutte kâns.
SDS 1 kin de punten hast wol brûke. Nije wike binne se frij en meie dêrnei 3 kear efterinoar thús. Miskien faart it skip mei punten dan binnen?

E-toernooi

Sneon wiene de E’s aktyf yn de sporthal. Dit binne de winners wurden: Mark, Kent, Wytze, Steven, Luuk, Jeljer

D winners

De D’s wiene sneontemiddei dwaande en ek dêr wiene winners: Janieke, Tom, Jacob, Watze Jacob, Matthijs en Rients.

Mear foto’s fan jeugdtoernooi
It moat al raar wêze dat net alle oare dielnimmers fan it DEF toernooi op in foto stean. Jim kinne
hjir sykje om jim favoryt.

Alderaardichst(1)
Aardich spandoek juster by Ajax – Feyenoord:
Met één Been in de Eerste Divisie

Alderaardichst(2)
Linksbûten fan Ajax dy ’t juster in gele kaart krige nei in wat rûge tackle.
Imbecilio

Harsens derby (383)
Ek yn it Nederlânse amateurfuotbaljen sjogge je somtiden de moaiste goals. Hjir Mo Faouzi: