Weppers woansdei 1-10
30 september 2008SDS League: Lolke Hofstra koprinner!
2 oktober 2008 Oflast CD presintaasje
SDS 1 traint wol!
Ik bin wol gjin consul maar als ik sjoch wat er de ofroune dagen oan wetter fallen is tink ik dat de kans net super grut is dat wy joun op it fjild trene kinne.
SDS 2 traint net
Spitich genoch kinne we jûn net traine, der binne ek gjin oare opsjes.
Oankommende sneon spylje we tsjin Zeerobben om 14.30 oere. We geane om 13.00 oere fuort. Wy spylje op keunstgers.
Folgende wike tiisdei oefenje we tsjin Balk 2. De wedstryd begjint om 20.00 oere, we geane 18.45 richting Balk.
Groetnis Klaas en Tinus.
Kaarten te keap
Woene jim altiten Ysland in kear live fuotbaljen sjen, binne jim gek op it Nederlânsk alvetal en wolle jim ek sa graach nei it moaiste stadion fan Nederlân dan is der no in libbensgrutte kâns omdat yn ien kear foarelkoar te krijen. Sjoch hjir
Dat is in ferfelende kreet. Dat fine wij allegear. Wij wolle efkes oanjaan wat de proseduere is bij SDS.
It fjild wurdt oan de ein fan de middei keurd troch immen fan de Skoalleseize. Kin der net traind wurde dan krijt André Vink, de wedstrydsiktaris, gelyk berjocht. Hij stjoert dan in mail nei in hiele protte minsken. Lieders trainers, bestjoersleden en webmasters. Dat bart meastentiids om in oere as 5. At de webmasters thús binne sette se it berjocht der gelyk op. Wij stribje der nei dat it der úterlik 17.30 opstiet. Mochten jim twifelje nim dan kontakt op mei jim eigen lieder of trainer.
Dit berjocht is net bestimd foar de fuotballers fan SDS 1, 2 en 3 (de prestaasjealvetallen) en wol bestemd foar SDS 4 en SDS 5 ( de rekreative alvetallen)
Freedtejûn is de CD presintaasje fan de Johannes D. Kernermer Show yn Jimbar yn Wommels. De tagong is fergees. Troubadoer Jan Nota sil oant de lette oerkes sjonge.
SDS League
Wy binne klear mei it ynfieren fan de teams en de punten dus it kin no oangean. Jûn kinne jim hjir de earste stân sjen en hy hinget dan ek yn de kantine.
Sjoch hjir noch efkes nei hoe ’t de puntentelling ek alwer wie(klik hjir).
Gjin flaggen
Wy snappe no wêrom ’t Dirk-Yde yn Bejing gjin flaggen meinimme mocht nei it stadion: