Weppers tongersdei 19-11

Weppers woansdei 18-11
17 november 2009
Programma en seleksjes 21-11
20 november 2009

Ferslach SDS 1
Soms reitsje binnenkommen meeltsjes wat bûten byld. Sa ek de mail fan Jeltsje Sikma, dy’t juster it ferslach fan Siem Sikma mailde. Jim kinne hjir lêze wat Siem fûn fan dizze polderwedstryd.

Net troch, wol troch
Om ’t der wat jonges blesseard binne ensfh. en der dêrtroch net
safolle minsken binne wurdt der jûn net traind troch SDS 2. De jonges dy ’t wol graach traine wolle meie meitraine mei SDS 3.

Seal: SDS 1 ûnderút
SDS 1 hat justerjûn mei 3-1 ferlern fan Old Forward 1. Tsjin de stugge ploech út Vledder slagge SDS der yn de earste helte mar net yn om tsjin de 4-mansferdigening(“Old Backward”) te skoren. Twa kounters soargen der sels foar dat Old Forward mei 2-0 foarkaam. SDS hie yn de twadde helte best wol wat kânsen, mar de lju út Vledder makken de 3-0. De peal en de latte waarden troch SDS rekke mei knappe skotten, mar it wie allinnich in slop skotsje fan Willem wat deryn gie. 3-1 dus. Jan-Simon Jelsma keepte ynstee fan Jaap in goeie pot.

Blessure
Tryntsje Bouma fan Da2 is al in skoft blesseare. Sij hat no troch de MRI scan west en konkluuzje is dat ien krúsbân alhiel ôfskuord is en der in skuorke yn de meniskus sit. Wol dúdlikheid mar noch lang net blessurefrij dus.

Plaatsjeboek fol
Niels (E1) en Sander (F1) Hazewindus hawwe beide it fuotbalplaatsjeboek fan SDS al fol. Sa hearden wij ferline wike. Dat wie foar de webmaster, dy’t wolrrs fergeleken wurdt mei Sinterklaas, it sein om krekt harren te freegjen at se ek “ruilje” woene. Hij miste der noch 67 en mailde dus de famylje Hazewindus de ûntbrekkende nûmers. In dei letter lei in der in slúf mei 63 plaatsjes yn de bus. Super fansels, want no hoecht hij noch mar 4.

Oprop oan Sibe de Seefûgel.
Wij krigen fan Stoffel Bouma in berjocht om in oprop oan Sibe te dwaan. Dy is mear op Skrok as de measte bewenners dy’t hoates en toates útfleane nei 28 graden lannen en Stoffel wol graach help fan Sibe ynroppe:
align=baseline
Minke fan juffrou Gryt/Siebe krige in pear wyke lyn dit (s)katsje op har jierdei mar hy is him smeard!  
Dit is bard op Skrok en dus in oprop oan Sibe de Seefûgel want him ûntkomt nea wat, wa hat dit (s)katsje) sjoen en wêr is hy???? 
De kat fan Stoffel (Mouse) soe it tige op priis stelle oft syn soan noch libbet as net en de oaren fansels ek.
Stoffel

Silen en surfe
Tsjeard Halbersma hat ek wer in berjocht dien op syn waarbenik side. Jim kinne
hjir lêze wat hij en Jannie wer belibbe ha.

Harsens derby (84)
De folgende kear sil it skot iets hurder moatte:

Letter miskien mear!