Weppers tongersdei 19-1-2023

Weppers tiisdei 17-1-2023
17 januari 2023
Weppers freed 20-1-2023
20 januari 2023

Kantine iepen

Jûn is de kantine ek wer iepen nei it fuotbaltrainen. Marco Hoekstra stiet efter de bar fanôf in oer as 20.32 oere.

SDS 1 – TOP 63 1

Tiisdeitejûn oefene SDS 1 tsjin fjirdeklasser TOP 63 1.
Yn de earste en de lêste minut hie TOP 63 in kâns op in doelpunt.
Dat slagge net. Tusken dy earste en lêste minút hie SDS in frachtwein oan kânsen.
Der waard fol fjoer spile en it spul wie prima. Oanfalle oer de fleugels, troch it sintrum it makke neat út.
Jelmer Posthumus makke de earste twa doelpunten nei prima foarsetten en Lourens van der Pol skeat út in frije traap de tredde tsjin de touwen.
Nei it skoft mei tal fan oare spilers wie it earst wat matich mar al frij gau waard it bettere spul wer oppakt.
It lêste doelpunt wie fan heech nivo. In moaie kombinaasje oer rjochts, Kevin de Haan spile him prachtich frij, joech strak foar en dêr wie it Jelte Pieter Dijkstra dy’t yn de fjirste boppehoeke mikte.
4-0 in moaie einstân. Op nei Aldehaske…..

SDS 2 seal

Tiisdeitejûn koe SDS 2 seal it net winne fan GAVC 2.  It waard in 7-4 nederlaach yn Grou

SDS 2 fjild

Het tweede deel van het voetbalseizoen SDS 2 is alweer begonnen met twee oefenwedstrijden. Afgelopen zaterdag tegen WWS in Wirdum was geen succes, deze werd verloren, hoofdveld afgekeurd. B veld/ trainingsveld waarop werd gepeeld was ook een grote modderpoel.

Tweede oefenwedstrijd werd gisteravond gespeeld in en tegen Berlikum. De opstelling waarmee SDS 2 begon deze wedstrijd kwam uit de hoge hoed van Samir. Robin kreeg de gelegenheid om op 6 te beginnen wat goed uitpakte, Jurjen werd gebruikt als spits wat ook goed uitpakte.
Hij scoorde, had een assist en maakte het de verdediging van Berlikum vaak lastig.
Eeltsje en Wessel W. op de backpositie deden het niet onfortuinlijk, Eeltsje scoorde met een fraai afstandsschot. Tim vond ook het doel en had verder nog een paar mogelijkheden om te scoren maar daar stak Berlikum een stokje voor. De wisselwerking tussen Tjitse en Arjen was ook mooi om te zien wat voor beide mannen werd beloond met een doelpunt. Tjitse met een vrije trap in de kruising en Arjen scoorde door een kopbal en had tevens een aandeel bij een doelpunt. Net voor de rust viel Mark geblesseerd uit en werd vervangen door Bote.
De nieuwe competitie-indeling is met FVC, Rijperkerk, Makkum, Heeg, VVI en Bergum.
Zaterdag 4 februari is de eerste competitiewedstrijd thuis tegen FVC 2.
Komende zaterdag 21 januari zal SDS 2 om 13.30 uur in Leeuwarden oefenen tegen Leovardia 2.

SDS 1 seal – NTW 2

Woansdeitejûn yn Easterein stie dizze wedstriid op it programma. SDS wint mei 6-1.

Oprop barfrijwilligers

De Skoalleseize is der yn slagge om foar de twadde helte fan it seizoen in barfrijwilligersskema te meitsjen. Wol sitte hjir wat gatten yn troch in weromrin fan it tal barfrijwilligers.
No wol de Skoalleseize graach in ‘oprop-app’ meitsje. Dan wurde je net yndield, mar kinne je op in oprop reagere as der om barfrijwilligers frege wurd.
Sa bliuwt frijwilliger wêzen frijwillich.
Wolsto hjir ek yn, stjoer dan efkes in mailtsje mei je namme en tillefoannûmer nei vrijwilligersskoalleseize@gmail.com.
Alfêst tige by tige!

Harsens derby (2127)

Toet, toet!