Weppers freed 20-1-2023

Weppers tongersdei 19-1-2023
19 januari 2023
Sneon 21-1-2023
20 januari 2023

Frijwilligersjûn Skoalleseize

Wy kinne net sûnder frijwilligers en binne dan ek wiis mei de Skoalleseize dy ’t foar ús de barfrijwlligers regelt. Foar jûn hat de Skoalleseize in spesjale feestjûn regele. Dik fertsjinne!

Programma sneon 21 jannewaris

As jim it programma foar moarn besjen wolle dan kinne jim hjir boppe klikke op wedstriden.

G.n.t., mar g.w.t.

SDS JO9-1 soe moarn yn Snits balje tsjin LSC JO9-1, mar it fjild yn Snits is ôfkeurd. Lokkich genôch kinne sy no yn Easterein balje om 11.00 oere.

SDS 1 – Oudehaske 1

De kompetysje giet wer los. SDS 1 moat noch twa wedstriden spylje dan hawwe se alle tsjinstanners hân. Sneon is dat Oudehaske út en nije wike is dat WPB 1 thús.
Yn Oudehaske begjint it 14.30 oere en de seleksje liket aardich kompleet. Om 12.40 oere hawwe sy bespreking.
Dit is de seleksje:
Jaap
JP
Frank
Luuk
Erik
Gerbrand
Gerwin
Wierd
Pieter
Matthijs
Kevin
Remco
Jelmer
Lourens
Habtamu
Stan

Foarút 2 – SDS 3 g.n.t.

Kwa posysje skeelt it net folle, kwa punten wol. Foarút en SDS nimme it ien nei lêste en it lêste plakje yn mei respektiveluk 8 en 3 punten.
Spitich genôch kin der allinnich net balle wurde. Foar SDS 3 is 21 jannewaris dúdlik te betiid. Mei 6 man sil it him net wurde en om no SDS 2 nei Menaam te stjoeren is ek wat te gek.
Lokkich genôch stiet dizze wedstriid sawisa yn maart ek alwer op it programma.

SDS 5 – AVC 3

Om de druk mar efkes op te fieren, at SDS 5 dizze ynhelwedstriid wint, dan stean se boppe-oan.
Om 14.30 oere kinne jim it sjen op de Skoalleseize.
De seleksje:

En Daan flagget fansels!

Leovardia 2 – SDS 2 (oefen)

SDS 2 sil sneon om 13.30 oere oefenje tsjin Leovardia 2 yn Ljouwert. Nei de tiid is der in stikje muzyk.
De seleksje:
1. Jeffrey
2. Robin
3. Jort
4. Eeltsje
5. Jurjen
6. Bauke
7. Tom
8. Tim
9. Lieuwe
10. Arjen
11. Sietze
12. Wessel W
13. Wessel S
14. Sije
15. Jelmer Dijkstra

Oefene

Ofrûne sneon hat SDS 2 by WWS oefene tsjin WWS 1. Om SDS hie de wedstriid wol yn Easterein spile wurde kinnen, mar neffens hearren en sizzen hoefde dat om de trainer fan WWS net….

Harsens derby (2128)

Toet, toet!