Sneon 4 july sponserrin en sc Heerenveen-clinic!
12 juni 2020Skriuw dy yn foar de sponserrin!
20 juni 2020Marco Rijpkema nei vv SWZ sneons
Marco Rijpkema giet SDS nei dit seizoen ferlitten. Hy giet folgend seizoen fuotbaljen by vv Sneek Wit-Zwart-sneons. Wy komme him dus folgend seizoen wer tsjin mei SDS 1. Wy winskje Marco in hiel soad wille ta by syn ‘nije’ klup!
Sleutel fûn
Dizze sleutel hat ien fan de MO19-spylsters moandeitejûn op it keunstgersfjild fûn. Wa ’t him mist kin him ophelje by Akke-Rixt of oars earst efkes maile mei info@vv-sds.nl.
Nije Treffer
Wy komme fansels noch mei in Treffer dit seizoen. As it goed is dan leit der nije wike oer by jim troch de bus.
SDS-Look-a-likes
Foar de folgende Treffer binne wy wer op syk nei SDS-Look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy sjogge der nei út! Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl! Graach foar snein!
Seizoenkaart sc Heerenveen
Sc Heerenveen hat ynmiddels al mear as 5000 seizoenkaarten ferkocht. Hjir kinne fansels noch folle mear by. Asto dyn seizoenkaart fan sc Heerenveen ferlingen giest of do keapest ien dan is dit de SDS-code; 7059420. SDS krijt fan eltse ferkochte of ferlingde seizoenkaart wêr ’t de SDS-code ynfuld wurdt €10,-. It soe moai wêze as wy as SDS’ers op dizze manier sawol sc Heerenveen as SDS stypje kinne!
Klik hjir om je seizoenkaart te ferlingen of te keapjen. Giesto foar it Gouden of Sulveren Pompeblêd?
Harsens derby (2236)
Net elkenien hat in frije traap yn de foet lykas Feite de Haan of Eeltje Postma……………..
Tag a mate who this reminds you of 😂
(🎥 INST/hugomartinez109)#SundayLeague pic.twitter.com/WKIsGCsYqx— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) June 17, 2020