Weppers tongersdei 16-4

Weppers woansdei 15-4
15 april 2015
Seleksjes sneon 18-4
16 april 2015

De SDS-keunstgerslotten

Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer:
NL83RABO0301290067
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein
Graach ynleverje foar 30 april!
Kommende sneon sit Douwe-Dirk yn de kantine fan 10.00 – 11.00 oere. Hjir kin it jild en de rest fan it lottenboekje ek ynlevere wurde.

Samar klear!
Henk Postma wie gau klear mei it ferkeapjen fan syn SDS-lotten. Hy hat se gewoan alle 10 sels tocht; “Daliks wint in oar de haadpriis mei myn lotten!”

SDS B1 wint fan GAVC B1
SDS B1 hat juster mei 3-0 wûn by GAVC B1. Grutte man by SDS B1 wie Habtamu de Hoop. En dat op de dei foar syn 17e jierdei! Fan herte lokwinske!


De kantine is jûn iepen
SDS 1,2,4,5 en de A’s traine jûn allegear wer yn Easterein en Gerrit Flisijn hat no echt bartsjinst. Foarige wike hie hy ruile mei Robert Sybesma. De nijste stân fan de SDS-League leit der om 20.30 oere en Gerrit sil fêst in noflik stikje muzyk draaie. Kom allegear!

Gjin striker!
Jûn is der gjin striker by it trainen. Dooitze Nauta is der net. Sneon giet Ria Heitbrink mei nei Luttelgeest foar de wedstryd TONEGO 1 – SDS 1.

Harsens derby (1480)
Dit is in Japanner; Ky-Ke-Boe!