Weppers tongersdei 15-1

Winterprogramma SDS 3
15 januari 2009
Weppers freed 16-1
15 januari 2009

SDS-sealtoernoai
Sneon 17 jannewaris is wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren. It is de bedoeling dat alle spilers fan SDS 1, 2, 3 , 4 en 5(én 6!) en SDS futsal 2 hjiroan meidogge. Graach opjaan by je leider foar jûn 23.00. De SDS-futsallers en de SDS-reserves kinne harren opjaan by
Willem.

Trainingsdei froulju
Kommende sneon hawwe de froulju in trainingsdei. It programma sjocht der sa út.
13.00 in de box                                     
13.15 training                                        
14.00 even bijkomen met een verrassing    
14.45 wedstrijd                                 
17.00 gezamelijk
eten

Bytekene
Durk en Willem binne dwaande west mei de kontrakt ferlengingen foar de trainers. Lody Roembiak hat foar in jier bytekene.
Lody, Durk en Willem namens de SDS JC bedankt.
Groet,
Rudy Dykstra

Snipperjûn
Yn oerlis mei Dick snipperje ik jûn. Ik wol graag nei it 100 jierich jubileum fan de Friesche Alvestêden yn de Harmonie.
Dooitze

Winterprogramma SDS 3
De leiders fan SDS 3 hawwe it winterprogramma rûn. Klik
hjir om it te besjen.

SDS League
De transferperiode yn de Eredivisie rint noch sa ’n 2 wiken. Dochs hawwe wy mar fêst it formulier foar de SDS League klearmakke (spesjaal foar Jelmer…..). Wy wolle namelijk graach op 7 febrewaris wer begjinne. It formulier moat dan dus ek ynlevere wêze. Klik
hjir om alles oer de nije SDS League te finen.

Grapke
Franck Ribéry fan Bayern München hâldt wol fan in grapke. Op trainingskamp yn Dubai gie hy der mei de spilersbus fan troch. De bussjauffeeur koe der net om gnize: