Weppers tongersdei 14-4-2022

SDS-League: ‘Roggeberg Boys’ pakt de wykpriis!
13 april 2022
Programma, seleksje en útferkeap!
15 april 2022

Kantine

De kantine is jûn wer iepen. Dat komt moai út, want dan kinne wy dêr moai de Europeeske wedstriden PSV – Leicester City en Slavia Praag Feyenoord efkes sjen. Dirk-Yde soarget foar de hapkes en de snapkes.

Doch mar 7 frikandellen….

Goed Freedtejûn

SDS JO19-1 spilet moarntejûn om 19.30 oere thús tsjin sc Berlikum JO19-1 ynstee fan kommende sneon. It wurdt noflik waar om efkes te sjen tochten wy sa.

Ferslach SDS 1 seal

Moandeitejûn stoen foar it SDS seal 1 in útwedstriid tsjin de hekkenslúter NTW (Net Te Weak) yn Akkrum op it programma. Earder dit seizoen waard d’r al mei 11-1 fan dizze tsjinstanner wûn, dus op papier like it in net al te dreeche wedstriid te wurden. In oerwinnig wie echter absoluut net seker, no’t SDS it sûnder har veteranen – Jacob-Jan en Pieter – dwaan moest. Neist it feit dat SDS hjoed dus net oer harren expertise beskikke koe, miste it ek in oanvoerder. Foaral dat lêste wie punt fan discussie; wa doarde dizze rol op him te nimmen? Gelokkich is dêr dan altiid noch Mark Klijnsma, ús hoop yn bange dagen. Hy makke handich gebrûk fan it unsteane  machtsvacuüm en kaam mei de oanfoerdersbân de klaaikeamer binnenrinnen. Dit brocht de ploech rust, wat sich fertaalde nei de seal. SDS stoen namelik nei fiif minuten al 0-4 foar troch goals fan respectievelijk Anco, Mark , Tjitse (2x) en Eeltsje, dy’t syn earste yn de seal notearje liet. Hjirnei kaam de klad d’r wat yn en makke NTW de 1-5. Yn it twadde bedriuw gong SDS fierder wêr it mei begong wie. Die altiid skerpe Mark profiteare fan in foutsje by NTW en jaachde de 1-6 tsjin de touwen. It ferfolch fan de wedstriid wie foar Tjitse en Sjoerd. Mei panna’s, boogbaltsjes en yngewikkelde stekpassen leine se de ferdediging fan NTW meermaals yn de luren. De resultearre  yn de 1-7 (Tjitse), 1-8 (Sjoerd) en 1-9 (Sjoerd). Sa hie Tjitse dus syn hattrick te pakken en wie it wachtsjen op de tredde fan Mark. Dizze bleau echter, tot syn eigen ergernis, út. It fullen fan de bidons, it byhâlden fan de sociale-media, it praatsje mei de skeidsrjochter, de coaching fan it team en it regeljen fan (syn eigen) wissels hie toch syn tol eist op de doelpuntenproduksje fan de spits.
Gelokkich makke de bittergarnituur en de 1-9 einútslach in hoop goed. SDS stiet nei dizze oerwinning op it tredde plak, mar hat wol twa wedstriden mear spile as de rest fan de competitie.
Douwe-Jan

SDS-dropaksje

Nije wike is der wer de SDS-dropaksje. Lis de beurs mar fêst klear.

Slotdei SDS-jeugd

De slotdei fan de jongste jeugd fan SDS oant en mei de JO13 is op sneon 4 juny. It belooft wer in grut spektakel te wurden.

SDS JO19-1 nei Skylge

SDS JO19-1 spilet de lêste wedstriid fan it seizoen op sneon 28 maaie tsjin sc Terschelling JO19-1. Dizze wedstriid stie pland yn Easterein. Hjir tochten de mannen fan de JO19-1 oars oer en hawwe frege as dizze wedstriid ek op Skylge fuotbald wurde kin. Sawol de wedstriidsekretaris fan SDS as dy fan sc Terschelling as de lieding fan de JO19 koenen harren hjir wol yn fine. Dit betsjut dat de JO19 as toetje op dit seizoen dus in wykeintsje Skylge docht. Wy kinne mindere útsjes betinke.

Scharnegoutum wint

Tiisdei hat vv Scharnegoutum ynhelle tsjin Willemsoord. Scharnegoutum hat mei 3-1 wûn en nimt hjirmei ôfstân fan de ûnderste 3 plakken. Willemsoord bliuwt lêste en hat 2 punten efterstân op Oudehaske en 3 op Tonego. Elkenien yn de 3e-Klasse A hat no 17 wedstriden spile. SDS mei kommende sneon nei Willemsoord ta.

Harsens derby (2367)

Efkes in ekstra ferdediger ynsette………

Daliks mear!