Weppers tongersdei 14-2

Weppers woansdei 13-2
12 februari 2008
Weppers freed 15-2
14 februari 2008

SDS League
Doch ek mei oan de SDS League!
Sjoch
hjir foar de nije list.
Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 16 febrewaris om 19.00! Dat is oer 2 dagen al.
Mail jim nije teams nei
SDSLeague@vv-sds.nl of lever je team yn by Roel Sybesma of Willem Wijnia.

Oare namme
Der binne koaches yn de SDS League dy ’t de namme fan harren team feroarje. Sa is de namme “No Alves, No Glory” hiel begryplik ferfongen troch “Systematic Chaos”. Wy binne benijd of dit ek mei Alves sa wêze sil.

Futsal(1)
SDS 1 gie juster mei 2-0 ûnderút tsjin FFS. Man fan de wedstryd wie de keeper fan SDS, Jaap Toering. Hy helle hiel wat sekere doelpunten fan Talan c.s. bûten de goal. Hy moast dit yn de lêste minút al bekeapje mei in blau each, doe ’t hy in hurd skot op syn each kryg.

Futsal(2)
Juster fuotballe SDS 3 yn de seal tsjin Workum 4. Wy binne benijd nei de útslach. Mail nei info@vv-sds.nl!

Kontribúsje
By de jierfergadering is ynstemd mei in kontribúsjeferheging fan 2%. Dit binne de nije prizen:

Senioren veld                              €  55,10

Senioren zaal                              €  39,75

Senioren veld + zaal                     €  94,85

A en B junioren                            €  43,75

C junioren                                  €  36,85

D en E pupillen                            €  30,05

F pupillen                                   €  26,05

Kledingfonds senioren per half jaar € 4,00

Kledingfonds junioren per half jaar € 3,50


Net handich
Dit is seker net handich……..