Weppers tongersdei 12-1

Weppers woansdei 11-1
10 januari 2012
Weppers freed 13-1
12 januari 2012

SDS 1 jûn op it OFK
Jûn meie de mannen fan SDS 1 los op it OFK yn Frjentsjer. De folgende fuotballers
sille meidwaan:
Jaap, Tsjipke Klaas, Harm, Erik, Dirk-Yde,
Jacob van W. en Skelte.
Sy fertrekke om 18.45 oere út Easterein en spylje om 19.44 harren earste wedstryd.
It hiele skema sjocht der sa út:
19.44: SDS 1 – VIOD 1 (grutte hal, links)
20.26: Surhuisterveen 1 – SDS 1 (grutte hal, links)
20.54: SDS 1 – SSS’68 1 (grutte hal, rjochts)
21.22: Opende 1 – SDS 1 (nije hal)
22.04: Nicator 1 – SDS 1 (nije hal)
Jûn spylje û.o. ek CAB, DTD, Oeverzwaluwen, Blauw-Wit1(seal), Foarút(seal), SC Franeker(sneins) en is der de derby tusken FVC en Futsal Cambuur(20.40, nije hal)
Sjoch
hjir foar it programma fan alle foarrondes

Gewoan traine
De rest fan de A-seleksje dy ’t net yn Frjentsjer hoecht te sealfuotboljen hat “gewoan” trainen om 20.15.

SDS 2 en 3 sille spinne
De seleksjes fan it 2e en 3e sille jûn yn Wommels by Sportcentrum Akkermans spinne. It begjint om 20.15. Allegear efkes in pear eurootsjes meinimme.

Ôflast
De oefenwedstryd fan woansdei 18 febrewaris tusken SC Franeker 1 en SDS 2 giet net troch. De Frjentsjerters binne dan noch net yn training en der dus noch lang net klear foar om it tsjin SDS 2 op te nimmen.

Transfernijs(4)
Foarige wike is offisjeel de “tuskentiidse-winterstop-transfermerke” iepene. Dochs moat it noch allegear wat op gong komme. Seker bij tsjinfallende prestaasjes fanôf 20 jannewaris. 
Wy kinne hjoed melde dat:
-Drenthe wol werom wol nei Feyenoord. Mar net foar 2015…………….. Sa hawwe je eltse transferperioade nijs.
-Newcastle United foarich jier Andy Carrol oan Liverpool ferkocht hat foar €40 miljoen en sy him no wol werom hawwe wolle foar €5 miljoen. Neffens ús kin it foar beide wol út…….
-Janmaat kin nei dit seizoen nei Feyenoord, Vitesse of Ajax. Dat krije mei fuotballers dy ’t neat koste.

Harsens derby (655)
In soad fuotballers hawwe ek wat mei musyk. Fuotbaltrainers ek. sa binne Roy Hodgson en Arsene Wenger sels in bandsje begien. No is it wachtsjen fansels op in bandsje mei Jaap de Blaauw en Johan Faber.