Weppers freed 13-1

Weppers tongersdei 12-1
11 januari 2012
Weppers sneon 14-1
13 januari 2012

SDS 1 troch nei finales OFK
De mannen fan SDS 1 hawwe justerjûn op it OFK yn Frjentsjer de finaleronde helle. De earste wedstryd tsjin VIOD waard muoisum mei 2-0 wûn. Efterôf in tige wichtige oerwinning, want nei in lykspul tsjin Futsal Surhuisterveen, 7-0 winst tsjin SSS’68 en in 3-0 winst tsjin VV Opende mochten sy de lêste wedstryd tsjin Nicator net ferlieze. Dit waard úteinlik noch tige dreech. SDS kaam muoisum mei 1-0 foar, mar it waard al gau 1-1 en it kaam sels mei 2-1 efter. It wie mei oan keeper Jaap te tankjen dat it in skoftke sa bleaun en doe ’t Tsjipke der 2-2 fan makke like it dien. Sawol SDS as Nicator krigen noch kansen, mar it bleaun 2-2. VIOD waard sa 1e yn de poule mei 12 punten, SDS 2e mei 11 punten en Nicator 3e mei 10 punten. 

OFK(2)
Sneon binne de finales fan it OFK yn Frjentsjer en wy hope dat der dan ek wer in bult SDS-supporters op de tribune te finen binne. Sneon sille de folgende fuotballers meidwaan:
Jaap, Tsjipke Klaas, Feiko, Harm, Erik, Dirk-Yde,
Jacob van W. en Skelte.
Sy fertrekke om 9.30 út Easterein.
SDS sit yn in poule mei:
VV Harlingen
Blauw-Wit ’34 (seal)
ONT Opeinde
It programma sjocht der sa út:
10.34 VV Harlingen 1 – SDS 1 (fjild rjochts, grutte hal)
11.59 ONT 1 – SDS 1 (fjild rjochts, grutte hal)
13.24 SDS 1 – Blauw-Wit 1(seal) (fjild midden, grutte hal)
Klik hjir foar it hiele programma foar de finaledei.

OFK (3)
Skelte die juster net mei yn Frjentsjer. Hy moast wat oars. Yn plak fan Skelte die Feiko mei. Oer “juf Skelte” krigen wy noch in berjochtsje fanôf ien fan de ielânen:
Bêste redaksje,
Op jimme webside stiet dat Skelte mei sil nei it OFK Sealfuotbal, mar foar him gjin sealfuotbal.
Hy is dizze dagen en de kommende wiken beukerjuf op Flylân.
Jimme mei him fanôf no dan ek begroetsje mei Juf Skelte!
Mei freonlike groetnis fan syn kollega’s!

OFK(5)
“Opfallend” wienen juster de prestaasjes fan de “âldsjes” fan Foarút. Mei û.o. âld-SDS-trainer Lyckle Bleekveld yn de gelederen waarden sy yn in drege poule “gewoan” 1e troch te winnen fan Be Quick Dokkum(seal), SC Franeker(sneins), Futsal Cambuur, ONT, en lyk te spyljen tsjin FVC. Petsje ôf!

OFK(6)
Akke-Rixt Syzling die juster fansels ek wer mei oan it OFK by de froulju fan ONS. Sy wûnen al harren wedstriden en waarden dus earste yn de poule mei 36 goals foar en net ien tsjin………………..
Moarn sitte sy yn in poule mei DV Bolsward, SC Stiens en Drachtster Boys 1.

Nijjierstoernoai SDS- E- en F-pupillen
Hoi voetballers,
Zaterdag is het dan eindelijk zover ; het A.Hak nieuwjaars zaalvoetbaltoernooi in sporthal de Greidhoeke!
Maarliefst 90 voetballers doen mee 42 E-pupillen en 48 F-pupillen, het belooft dus een heel spannend toernooi te worden. Vorig jaar deden 100 spelers mee, maar dat was inclusief de D-pupillen, dus dit is echt een enorm aantal voetballers.
De F-pupillen beginnen ’s ochtends om 09:00 uur (dus niet om 08:00 uur) en voetballen tot ongeveer 11:30 uur. Elk team bestaat uit 6 voetballers en jullie spelen 12 minuten per wedstrijd. De teams zijn onderverdeeld in 2 poules. Graag om 08:45 uur aanwezig zijn.
De E-pupillen beginnen om 12:00 uur en voetballen tot ongeveer 15:00 uur. De teams bestaan uit 5-tallen en 6-tallen , ook jullie spelen 12 minuten. De teams zijn onderverdeeld in twee poules. Graag om 11:45 uur aanwezig zijn.
Heel belangrijk is dat er ouders, pakes/beppes, grote broers/zussen e.d. aanwezig
zijn om de teams te helpen met snel te wisselen tussen de wedstrijden, de klok loopt namelijk gewoon door. Het is dus 12 minuten speeltijd inclusief opstellen en wisselen.
Ben je zaterdag ziek of kan je onverhoopt niet bel dan Hans van der Schaar 06-26785381.
Heel veel plezier zaterdag!!!
Namens de jeugdcommissie VV-SDS

Jierdei
Sybo Wiersma ien fan ús jongste talinten is juster 7 wurden en hjoed hat Eeltje Sikke Postma syn jierdei. Hij giet foar de 23 jier. Beide fan herte lokwinske!

Eeltsje is o sa bliid mei syn 23e jierdei!

Harsens derby (656)
As wy op de Midwintercup(no OFK) binne dan moatte wy altiten wer tinke oan it FEC…………..

P.s. Yn de rin fan de jierren begjint it hieltiten mear op in schwalbe te lykjen, mar……………..