Weppers tongerdei 1-3

SDS League: "Strubbelingen" pakke wykpriis!
29 februari 2012
Weppers freed 2-3
2 maart 2012

Oprop
Hjir folget in oprop fan Dooitze Nauta:
Wolle de jonge hearen Skelte, Jaap,Tsjipke,Jelmer,Harm J, Wytze en Jacob v W. harren jûn foar de training efkes melde bij de fersoarger yn boks 6?
Ein fan it berjocht.

Lokwinsken!
De hertlike lokwinsken binne der hjoed foar in kwartet SDS-ers. Jan Los wurdt noch mar 49, Anne-Marije Hofstra wurdt al 23, Arjan Hallema is noch mar 20 wurden en Jelmer Dijkstra hat de 8 al te pakken.

C2
Sij begjinne hjoed wer mei de training.

SDS 4 en 5
Hjoed ek wer traine ûnder lieding fan Harm Abma

E2
Wij krije troch dat “
de E2 vanaf aankomende maandag (5 maart) weer training op het veld heeft. 
Maandags van 18:00 tot 19:00 onder leiding van Syb en woensdags van 18:30 tot 19:30 onder leiding van Bote”

Seal: SDS 1 wint
De sealfuotballers fan SDS hawwe juster yn Snits mei 7-5 wûn fan SWZ. Hendrik, Jappie en Klaas meie dus wolris faker op wintersport. Mooglik komt Wichard hjoed noch mei in útgebreid ferslach fan de wedstryd.

Fuotbalhumor
Wy fine it moai as it goed giet mei Liverpool en fine Balotelli by tiden mar in frjemde hapsnurker. Dochs slaat hy dizze wike de spiker op syn kop:
Balotelli: ‘Liverpool heeft eerste prijs in 6 jaar gepakt: Carling Cup. Net zoiets als jaren single zijn en thuiskomen met Susan Boyle‘.

Fan de muzyk

Wij binne wol wat fan de muzyk en wij binne dan ek ynnommen dat jeudige poptalinten de kâns krije om efter bijgelyks in drum stel te sitten. Bij SDS E2 sit sa’n begjinnende drummer. Aiso Agricola fan it Reahûster binnenpaad seagen wij yn de Boalserter Krante stean.

Fan de muzyk(2)
Tsjintwurdich kinne wy sneins fuotbaljen sjen of nei de muzyk. Miskien sjogge wy snein wol efkes by William’s Seen Transport Music yn it Dielshûs. It begjin om 16.00.

Fjildferwaarming
De winter liket dien, dus der kin wer fuotballe wurde. Yn in fier ferline waard der altiten fuotballe en nea in wedstryd ôflast. Logysk fansels, want doe hienen sy ek al “fjildferwaarming”……………..

Yn 1938 fjoerkuorren op it fjild fan Bolton Wanderers.

Harsens derby(700)
Johan Heerma hie juster syn dei net as keeper by SDS 1 seal. Wy beheine ús hjir dan ek mar efkes oer de bal dy ’t der wol pakte. No, ja, pakte? Hy kearde de bal lykas Buffon ôfrûne wykein:



Letter miskien mear!