SDS League: "Strubbelingen" pakke wykpriis!

Weppers skrikkeldei
28 februari 2012
Weppers tongerdei 1-3
29 februari 2012

It binne dizze wike “de Strubbelingen” fan Bram en Harrie Strubbe dy ’t de wykpriis pakke. Sy hienen mar leafst 63 punten. Sy geane dêrmei fan it 53e nei it 6e plak. Sy hawwe krekt efkes mear punten as “Sytycops” fan Sytze Kooistra dy ’t yn it klassemint wol krekt in puntsje foar de “Strubbelingen” bliuwt lykas “Brothers from other Mothers” fan Douwe de Boer en Martijn Rispens.

Martijn Rispens en Bram Strubbe sjogge raar op fan de nije stân.

“De Houten Klazen” fan Klaas Dijkstra steane noch altiten boppe-oan. Klaas Dijkstra pakte wer aardich wat punten mei as grutste troef Siem de Jong fan Ajax.

Jacob-Klaas Haitsma makket mei “Hajduk Haitsma” in flinke (Haj)dûk yn it klassemint. Hy sakket fan it 9e nei it 25e plak.

It is mear de wike fan Eeltsje Postma. Sawol tegeare mei Marije(MarijeEel) as mei syn eigen team(De Puch) pakt hy mear as 50 punten en docht hy goeie saken.

“Syb” nimt de reade lantearn oer fan “Meastal boppeoan” fan Dooitze Nauta. Dooitze hie al oanjûn graach wikselje te wollen en hat dêrmei blykber syn “basistsien” op skerp setten. As syn troef Badibanga(GRA) no ek noch fuotbaljen giet dan komt it hielendal goed.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 3.