Weppers tiisdei 7-5

Weppers moandei 6-5
5 mei 2013
Weppers woansdei 8-5
8 mei 2013

Drop..drop
Troch in geweldige ynset fan jeugd, lieders, âlders en fersoargers is de drop aksje in enaorm sukses wurden. De opbringst wie mar leafst 2500 euro. Tige tank allegear út namme fan de dropkommisje.

A1
Jûn om 19.00 oere nimt SDS A1 it op tsjin Sparta A1. Dat is krekt wat op sa’n jûn mei moai waar. Koach Visser seit ús ta dat it gjin simmerjûnfuotbal wurdt. No wol hy jûn ek wol hiel graach winne, want sels hat hy jierren fuotballe by Sparta.

Trefferbesoarger foar Easterein
Wy binne der tige wiis mei dat wy no al in nije Trefferbesoarger fûn hawwe foar de helte fan Easterein. Hester Hiemstra-Sikma sil it nei de simmer oernimme fan Grytsje Orsel. Tige by tige!

Traine
Der kin net mear traint wurde op it lytse trainingsfjild. De E’s en de F’s kinne/meie op it fuotbalfjild traine en de oaren sille nei it grutte trainingsfjild moatte. It is wat oapassen mar it is net oars.
Groetnis,
Durk.

Wedzje
Der sille ek dit jier wer hiel wat weddenskippen ôfslúten wêze op it kampioenskip fan de Eredivisie.
Weddenskippen dy’t meast ôfsluten wurde ûnder it genot fan in bierke. Weddenskippen dy’t soms de oare dei net iens helje omdat it geheugen net altyd alles meinimt nei de folgjende dei. Mar at trije man tsjin ien wedzje is der altiten wol ien dy’t noch krekt wit wat der ôfsprutsen wie. Yn desimber doe’t de ploegen flakbij elkoar stiene waard de weddenskip ôfslúten: Ajax boppe Feyenoord of Feyenoord boppe Ajax. Trije tsjin ien. Eddy foar Ajax en Marco, Durk en Aant foar Feyenoord. “Ik wol graach Hertog Jan” sei Eddy, “en wat jim wolle hoech ik net te witten  want…….wij binne de besten”
Sneintemiddei om kertier oer fjouweren kaam der in berjocht binnen fanút Amsterdam bij de trije hearen: “De Hertog Jan is bij Poiesz yn de oanbieding, doch noch foardiel”.

Ajax
Fansels wienen der snein noch mear (âld-)SDS’ers yn Amsterdam:

Dit lûd heart dêr by.

Harsens derby(1021)
Probearje sa mar ris in korner te nimmen: