Weppers tiisdei 5-5-2020

Meitrene sûnder lidmaatskip SDS
4 mei 2020
Weppers freed 8-5-2020
8 mei 2020

De jeugd is wer los!

Juster wienen oant 19.30 oere de earste jeugdtrainingen wer. Oeral wie om tocht!

Net op de tennisbaan!

Mocht der efter de sporthal traind wurde en der bedarret in bal op de tennisbaan, dan net mei fuotbalskuon op de tennisbaan komme. Hjirtroch wurdt de tenisbaan skanseare.

Elger nei Blija

Elger Turksma fuotballe dit seizoen wer by SDS, mar doe’t hy wer wat yn foarm kaam wie dêr it Coronafirus. Dat Elger de smaak wer te pakken krige wie de skouts fan Blija al opfallen. Folgend seizoen fuotballet Elger wer by 5e-Klasser Blija.

Plakboeken


Wij binne wiis mei it tydlik besit fan de plakboeken fan Wichard Deinum.  Syn karrier yn byld mei SDS 1 betsjut foar ús allegear krante-artikels út de jierren 90. It earste jier wat wij yn byld brocht ha is it seizoen 1989-1990. Dat wie net in suksesferhaal. Oan de ein wie de kop yn de krante “Sleat tikt SDS afdeling in”. Op 14 april 1990 wie degradaasje fan de 4de klasse nei de FVB in feit.  Sjoch hjir.

It bier is op!

Ofrûne sneon hat de Skoalleseize al it bier ferkocht wat der noch op foarried wie. Elkenien tige by tige!

Fernuverje

Wat dogge de spilers no se net fuotbalje kinne? Robin van der Weg fan SDS 2 ferfeeld him noch net en hat in selsridend kratsje bier makke. Miskien wat foar yn de kantine?

Harsens derby (2228)

De nije Pepe………..