Weppers tiisdei 4-1

SDS 2/3 winterprogramma
4 januari 2011
SDS-froulju moarn op O.F.K.
5 januari 2011

Webside
Tsjalling Sikma fuotballet no net allinnich foar VV Dronryp, mar hat him mei in pear freonen ek dwaande holden mei de webside. Dit is de muoite wurdich. Sjoch
hjir mar ris.

Kompetysje
Kommende moandei begjinne de earste trainingen alwer bûten. SDS 1, 2 en 3 traine dan alle trije yn Snits op kuenstgers. SDS 1 hat ek net sa ’n lange winterstop. Sy hawwe harren earste kompetysjewedstryd alwer op sneon 22 jannewaris. Sy moatte dan thús tsjin Zeerobben 1. Neffens de KNVB-side begjint de wedstryd om 15.00.

SDS League
De transfermerke is wer iepen. Wy binne benijd wat der allegear bard. Sa ’t wy ergens lêzen hawwe sil de merke op 2 febrewaris wer slúte. De SDS League kin dan ek wer foarmekoar makke wurde en wy ferwachtsje him dan rûn 4 febrewaris op de webside. Nije teams moatte dêrnei opjûn wurde foar sneon 12 febrewaris 19.00. Set it mar fêst yn de aginda. 

Harsens derby (369)
It frouljusfuotbaljen sit dúdlik yn de lift. Wy moatte noch mar sjen as der mannen binne dy ’t dit op “nullehakken” kinne:


Letter mear!