Weppers tiisdei 3-6

Doch mei oan de SDS EK-League!
1 juni 2008
Doch ek mei oan de SDS EK-League
3 juni 2008

Kaart oer
Ik ha noch in kaart foar de Slachtemarathon te keap (gewoan foar € 30). Wa wol noch graach meirinne?
Groep 17. De bus giet om 8.00 oer út Raerd en de starttiid is: 9.25 oere. Mail of belje mei Immie:
kamst112@planet.nl of tel 332149.

Nije trainer A- en B-junioaren

SDS is noch altiten op syk nei in nije trainer foar folgend seizoen foar de A- en B-junioaren. Wa ’t ien wit of ynteresse hat kin kontakt opnimme mei Durk Okkema, Sjaardaleane 7, 8734 HP Easterein;
till.: 0515-333005

Midsimmercup
De futsallers fan SDS 1 sille sneon meidwaan oan de Midsimmercup yn Dronryp. It begjint dêr om 11.00. SDS hoecht pas om 13.00 los. Hjir noch efkes de poule wêr ’t sy yn spylje:
DTD
NOK
Warga
Veenwouden
SDS
SDS komt dus ek âld-SDS-trainer Kees Jansen tsjin, dy ’t no trainer is by Warga.

Sponserje
As je in rekken by de Rabobank Zuid-West-Friesland-Sneek hawwe dan kinne je de Rabobank freegje om €5,- te doneren oan SDS. Brûk dêrfoar dit formulier(klik
hjir).
Dizze adresgegevens fan SDS hawwe je nedich: 
Voetbalvereniging SDS
’t Heechhiem 11,
8734 GS Easterein
Dit kin noch oan ’t 1 july ta.

SDS EK-League
De SDS EK-League begjint hieltiten mear te libjen no ’t it EK tichterby komt. Sa hienen wy juster samar 10 nije oanmeldingen. Wy hoopje der noch in bult by te krijen. Ful it gau yn, want nei sneon 18.00 oere is it te let. Klik
hjir foar mear ynformaasje.

SDS Famkes en Froulju
De fammen fan SDS hawwe no eindlik in eigen plakje op de webside. Ûnder it kopke “
Froulju” kinne jo no beide teams fine.

Bedankt!
Concordia Design, yn de persoan fan Mark Postma, hat wer drok oan de gong west om ús webside wer by de tiid te krijen. Tige tank hjirfoar. De krityske lêzer sil allinnich murken hawwe wat der feroare is.

Skiedsrjochterkursus
De KNVB giet wer in skiedsrjochterskursus organiseren. Dizze kursus sil hâlden wurde yn Makkum. Wa ’t hjir belangstelling foar hat moat dit efkes lêze(klik
hjir).

EK-roes!!
Dat Babel blesseard rekke is krekt foar it EK is fansels tige sneu. Toch tinke wy dat dit hiel posityf west hat, om ’t Khalid Boulahrouz, de slager fan Sevilla, no meigiet. Fanút ús eachpunt is Boulahrouz de kaai tot it sukses fan Oranje. Boulahrouz is de ienige echte keardel yn de seleksje. Wy geane der fanút dat Van Basten ús webside lêst en de earste wedstryd lyk mei Boulahrouz begjint. Mocht dit sa wêze dan koe dit wolris in hiel moai EK wurde. Wy hawwe it thús al oer in EK(halid)-(Boulah)rouz!!!

Messi
In prachtich filmke fan in hiel jonge Lionel Messi. Neffens my koe hy earder dribbelje as rinne……….