Weppers tiisdei 24-4

Weppers moandei 23-4
22 april 2012
SDS League: "Parel 2" bliuwt oan kop.
24 april 2012

D3 traint net
Wytse Fopma kin jûn gjin training jaan oan de D3.
Gr. Hans

Nei lêste thúswedstryd muzyk

5 Maaie is de leste thúswedstryd fan SDS 1.

Der is dan nei de wedstryd muzyk fan Jan-Bouke en foar it draaiend rêd hawwe wy ekstra moaie prizen kocht.

We hoopje op in soad minsken.

Groetnis,

Anny


Ferslach Zeerobben D4 – SDS D2
Afgelopen zaterdag namen de jongens van D2 het op tegen Zeerobben D4. De jongens zijn momenteel gebrand op een eventueel kampioenschap en zo ook afgelopen zaterdag. We wisten van de thuiswedstrijd tegen dit team dat er moeilijk door hun verdediging heen te komen is en dit bleek zaterdag in de eerste helft ook maar weer.

0-1   voor SDS na 15 minuten en 1-1 na een penalty. De ruststand was 2-1. Na de rust bleek SDS D2 de betere partij en werd er nauwelijks nog door onze jongens op hun  eigen helft gevoetbald. Eindstand 2-6, Nykele Pieter Okkema scoorde zijn eerste goal voor D2.

Concurrent en koploper SWZ D4 speelde afgelopen weekend gelijk tegen JVB D3 waardoor SDS D2 nu met 13 punten op nummer 1 staat.

Grote klasse heren!!!!!

Hans

11 pykjes?
Ôfrûne sneon by de wedstryd tusken SDS 5 en Ouwe Syl 3 lei it spul op in gegeven momint efkes stil. Der kamen 2 lju it fjild op en dy “
boarten” efkes meiinoar en gienen wer fuort sûnder ek mar op of om te sjen. Eltsenien seach al wat frjemd op, mar mochten jim oer in pear wiken 11 swart wite pykjes yn Easterein rinnen sjen dan witte jim dat se makke binne op it haadfjild fan SDS……

Net traine, dus ………
It trainen fan E4 waard juster ôflast. It fjild wie tige wiet en it waar like ek net al te best. De mannen fan E4 binne bikkels, mar wienen der net rouwich om. Sy kamen út skoalle stik foar stik mei deselde fraach thús; “mem, it trainen giet net troch, dus wy geane nei it swimbad………”

Gjin trainen, dus………wol traine
Krekt as bij de E4 wie de training fan D2 ek ôflast.
Mar ja, dy knapen stean boppe-oan yn de kompetysje en mei dat mooie waar lêze dy de SDS-side fansels net.
Dus dy wiene mei 5 man sterk te trainen, Rients, Solomon, Nykele, Luuk W, en de 5e bin ik de namme ff fan kwyt.
Sneu om dy knapen wer fourt te stjoeren, dus mar mei traine mei de E1.
Dêr wienen se wol hiel bliid mei. Wy ha leuk traind, in ekstra lange partij wêr Rients oan de lopende band skoorde, Solomon degelijk stie te ferdedigjen en Nykele de korners mei gang foarsette. Prima dien mannen en at jimme no gjin kampioen wurde wit ik “t net mear.
Boudewijn.


Wol nijs
Tjerk van de Pol wit ús te melden dat fuotbal net allinnich “genot”(sjoch weppers fan juster) jout, mar ek in bult stress(klik hjir). Wy hâlde it leaver by dat fan de weppers fan juster.

SDS League
Jûn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League wer ferwachtsje.

Harsens derby(744)
Dizze aksje fan Yakubu ôfrûne wykein fertsjinne mear: