Weppers tiisdei 22-1

Weppers moandei 21-1
21 januari 2008
Weppers woansdei 23-1
22 januari 2008

Op nei Slootdorp?
Kommend wykein stiet er foar SDS 1 wer in wedstryd op it programma. De rit giet dizze kear oer de dyk hinne.
De measten sil it wol fine kinne, ferwachtsje wij. Lykwols foar de TomTom besitters hawwe wij noch in tip. Fia
dizze link kinne je alle fuotbalfjilden en sporthallen delhelje yn je Tomtom en kin der neffens ús neat mear ferkeard gean. Sjoch lofts ûnderoan op dy side.

Net kreas
Om it ledenoantal op peil te hâlden doarden wij it net oan binnen SDS: “De ferkiezing fan de minst krease fuotballer fan SDS”. Oaren hawwe it wol oppakt en dan oer de hiele wrâld: En de winner is
…………

LC Coach
Der binne 31 SDS-ers dy’t meidogge yn de subpoule fan de LC Coach. It totaal fan de 10 besten fan elke klup wurdt opteld en sa komt men ta in klassemint. SDS nimt in tige beskieden 56 ste plak
yn. Dat is net best, mar altyd noch better as Nijlân, want dy stean 60-ste. Blauw Wit stiet boppeoan.

SDS-frouljustoernoai
Ôfrûne sneon wie der in toernoai foar de SDS-froulju en -famkes. Fan Douwe Durk Reitsma en Amarins Tjalsma krigen wy de folgende einútslach troch:
1e  Annewil, Amerins, Wietske, Tineke en Marije 16 punten
2e  Eliene, Nellie, Wiepkje, Mirije, Yldau en Hilda 9 punten
3e Sieta, Jitske, Anne-Marijke, Antje en Janneke 5 punten
4e Neeltje, Geeske, Nynke, Geartsje, Coby en Margriet 4 punten.
It wie in tige slagge toernooi. Ûnder lieding fan Durk Okkema mei skiedsrjochters Willem Overal, Theo de Jong en Tsjipke Okkema.
Groetnis
Douwe

Kâld?
Wy ferwachtsje dizze wike winterskilder Anne Brouwer net bûten. Neffens syn mailtsje hat hy it kâld:
bbrrrrrrrhhhhh

Afrika-Cup
Dêrom is de Afrika-Cup by tiden wol aardich om nei te sjen: