Weppers tiisdei 21-12-2021

Sneon 18-12-2021
17 december 2021
SDS-League: ‘Strikky’s United’ pakt de wykpriis!
21 december 2021

G.n.t.

Spitich genôch kinne troch de nije Koronarigels de fuotbalaktiviteiten foar de kommende wiken net trochgean. Dat betsjut dus dat

  • it Âldjierssealbaljen
  • Super SDS-zaalvoetbaltoernooi
  • SDS-nijjierssit
  • OFK yn Frjentsjer

net trochgean. Mooglik meie wy fanôf 14 jannewaris wer fuotbalaktiviteiten organisere. Wy wachtsje it mar wer ôf.

Ofskie

Om ’t de ledengearkomst net trochgie en Anco Elgersma net op de bestjoersgearkomst komme koe hat it bestjoer fan SDS ôfrûne sneon offisjeel ôfskie nommen fan Anco Elgersma as ledenadministrateur. Hy krige út hannen fan Bauke de Boer in wolferstsjinne SDS-klompke. Tige by tige foar alles!
It SDS-bestjoer is dwaande mei in nije ledenadministratrise en hopet dy ynkoarten bekend meitsje te kinnen.

De nije Treffer

Tusken Kryst en âld en nij hoopje wy mei de nije Treffer te kommen. Trochdat ien en oar no net trochgiet hawwe wy noch ien en oar oanpasse moatten.

Ticht

It sportpark is de kommende wiken ticht. It is dus net de bedoeling om op it keunstgers te fuotbaljen. Der kin wol efter de sporthal of op it MFT fuotballe wurde.

Utsteld…..

It programma soe wêze dat SDS 1 op sneon 22 jannewaris foar it earst wer kompetysjebalje mei. Sy soenen dan ynhelje tsjin Makkum. De KNVB hat dit útsteld. It doel is no om op sneon 29 jannewaris foar it earst yn te heljen. Wy binne benijd, want der mei net earder as 15 jannewaris wer traind wurde…….

Hylke Schrale

De âld-trainer fan SDS 2, Hylke Schrale en no trainer fan Rijperkerk 1 hat foar folgend seizoen in nije klup fûn. Hy wurdt trainer by 3e-Klasser Oeverzwaluwen 1. Fan herte lokwinske!

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje wy letter hjoed hjir op de webside.

Harsens derby (2337)

Ho….