Weppers tiisdei 21-10

SDS-ledengearkomst
20 oktober 2014
Moandei nei it gemeentehûs!
22 oktober 2014

Giet net troch
It trainen fan MD1,D1,D2,D3,E3,E4 en E5 giet net troch fannemiddei!

F2 troch
F2 is troch yn de beker. De tsjinstanner belle sneon op it lêste momint ôf en dat betsjut dat SDS F2 troch is.

Iets kwyt
Alle wiken bleaut er wol in jaske hingjen, in broek lizzen of sels in hiele tas. Wij pleatse dat op de side, mar better is om streekrjocht in mailtsje te stjoeren nei
w.twijnstra@home.nl . En dat komt it hast altyd wol klear.

Tas kwyt
Ik ben zaterdag mijn volle voetbaltas kwijtgeraakt. Het is een grijs met zwarte adidas tas.
Heeft iemand hem gevonden? Bel dan a.u.b. even naar: 0515333234
Groet Steven van der Pol (SDS C1)

De Treffer
De nije Treffer is klear en leit nei by ús drukker Van der Eems om drukt te wurden. As se net fuortwaaie dan hawwe jim se hooplik it wykein op de matte lizzen.

Alde doaze
30 jier lyn wie der op 23 oktober 1984 ek in ledengearkomst. Dy waard holden yn de keet. De wurklist seach der
sa út.

Sealfuotbal
Kommende woansdei is der wer sealfuotbal. SDS 1 nimt it om 20.30 oere yn de eigen sporthal op tsjin SWZ BOSO Sneek 4.

Harsens derby(1358)
Mocht SDS 1 sneon skore tink dan om Jelmer Posthumus. Hy hat 4 wiken op oefening west en wy witte net wat hy allegear foar fjochttechniken leard hat by Definsje……….