Weppers moandei 20-10
19 oktober 2008Weppers woansdei 22-10
21 oktober 2008Nije jeugdfoarsitter Spilers en Staf A-seleksje, Nijjiersresepsje
SDS hat in nije foarsitter foar de jeugd. It giet om Rudy Dijkstra, spiler fan it 4e. It haadbestjoer is hjir tige mei ynnommen. Rudy hat de earste fegadering mei de jeugfkommisje al hân. As foarsitter nimt hy ek sit yn it haadbestjoer
Douwe-Durk Reitsma
Freed 10 oktober hat der in wepperke wist dat jim jild stoarte kinne op de rekkening fan de A-selektie. Helaas ha ik fan de bank (gjin bank út IIslan) in ferkeard rekkeningnummer troch krigen. De spilers die al probeard ha wat oer te meitsjen ha in fout melding krigen en dit is dus ek net slagge.
Soene hjim it nummer oan passe wolle, it reeds earder ferneamd nummer wizigje kinne en asnoch jild oer meitsje kinne.
It goeie rekkening nummer moat weze 1435.96.225
Alvast bedankt.
Groetnis,
Marten
De nijjiersresepsje sil kommend jier op sneon 3 jannewaris hâlden wurde. Set it mar fêst yn de aginda.
Konkurrint minder
Harm-Auke Dijkstra hat ien konkurrint minder yn de striid om de topskoordersbokaal. Gearard Posthumus hat it te drok mei oare dingen en hat him ôfmelden as lid.
Minder weppers
It kin kloppe dat jim dizze wike wat minder weppers te lêzen krije as oars. Dy iene wepmaster leit de hiele wike wer mei syn gat op ‘e fyts. Hy hat dit kear allinnich al in laptop mei!!
Heit/dochter en in kwisfraach…..
SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe de list al foar in grut part kompleet, mar noch net hielendal. Juster krigen wy samar wer 5 oanmeldingen binnen. Wy wolle noch efkes ús best dwaan om alle tassen registreard te hawwen!
Mail je tasnûmer nei info@vv-sds.nl!
It giet om dizze tassen
Frouljusfuotbal
Foarige wike stienen de froulju fan SDS foar it earst op de webside vrouwenvoetbalfriesland.nl. It wykein waarden sy alwer neamd(sjoch hjir).
SDS League
Wy binne hiel benaud dat Lolke Hofstra dizze wike op ‘e nij de wykpriis pakt. Op ‘e nij hawwe syn troefen Amoah(NAC) en Demouge(WII) skoord. Wy sille de punten dus ekstra goed kontrolere. Wy hoopje moarntejûn mei de stân te kommen.
O jee
Dêr steane je dan op it fjild mei in stikje kaugom yn de mûle en dat smakket nea mear nei. Krekt as de kamera op je rjochten wurdt haw je de kaugom yn de hân om op it fjild te smiten. Wat moat je dermei?
Letter mear!