Weppers moandei 1-3
1 maart 2010SDS League: Skelte koprinner!
2 maart 2010Wat seit Anne Brouwer?
Ôfrûne sneon waard der in doelpunt fan Trynwâlden 1 tsjin SDS 1 goedkeurd wylst grinsrjochter Anne Brouwer drok stie te flagjen foar bûtenspul. Yn ús archyf kamen wy in foto tsjin dy ’t ôfrûne sneon miskien ek wol nommen wêze koe. Wat seit Anne hjir tsjin de skeidsrjochter?
Of wat seit de skiedsrjochter?
Mail it nei info@vv-sds.nl!
Yn de nije Treffer kinne jim de rissultaten sjen:
(Foto Henk Bootsma)
Traine
SDS 1 en 2 traine jûn tegeare yn Snits. Sy fertrekke om 19.00 út Easterein en traine om 19.30.
Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Woansdeitejûn spylje sawol SDS 1 as 2 thús. SDS 1 moat om 20.30 tsjin Blauw-Wit ’34 2 en SDS 2 om 21.30 tsjin Futsal Cambuur 6.
Foto
Op ús side steane bij de Skoalleseize in oantal foto’s. Ien fan dy foto’s is út de loft naam en jout in byld fan de Skoalleseize. Wij wolle graach witte wa’t dizze foto makke hat. Kin ien ús helpe. Mail nei sds-nijs@home.nl
Wikipedia
Jim kinne fansels allegear Wikipedia. De tige nijsgjirrige enseklopedy. Der is ek in Fryske útjefte en dêr seagen wij efkes op. Wat ús foaral opfoel wie it ûnderwerp fan ferneamde minsken dy’t yn Easterein berne binne. Ien dêrfan komt ús bekind foar mar dat hij no al yn dit rychje stiet …….
Nije Treffer
Wy binne drok dwaande mei de nije Treffer. As jim wat hawwe dan wolle wy dit graach foar nije wike woansdei hawwe.
SDS 5 hat 7 kear skoard
Wij besykje altiten de doelpuntenmakkers bij te hâlden fan de senioren en froulju. Mar at SDS 5 de doelpuntenmakkers net trochjout jout dat wol wat in fertekend byld. Sneon 7 kear?
SDS-fuotbalplaatsjesboek (2)
Habtamu de Hoop wie drok dwaande om foar syn nichtjes it SDS-plaatsjesboek fol te krijen. Ynmiddels is hy hjir yn slagge. Nei ús oprop juster hat hy ek de lêste plaatsjes krigen.
SDS League
Jûn kinne jim hjir de nije stân fine.
Harsens derby (153)
Mannen dy frjemd gean hawwe net allinnich in leger IQ, mar krije ek minder faak in hân…..