Weppers tiisdei 19-4

Vacature trainer A-junioren
18 april 2016
Kontrakt keunstgersfjild wurdt tekene!
20 april 2016

Nije webside
It wurdt hieltiten dreger om ús SDS-side by te wurkjen trochdat hy wat âlderdomskwalen begjint te krijen. Dit kin der wolris foar soargje dat jim it nijs en foto’s wat letter te sjen krije dan jim oars fan ús wend binne. Efter de skermen binne wy drok dwaande om in nije SDS-side te meitsjen wêrby wy de sterke punten fan de webside fan no meinimme en de nijste snufkes hjirby yntegrere. 5-Online sil ús hjirby helpe en wy hoopje sa dat wy foar it seizoen 2016-2017 begjint de nije webside yn de loft hinget.

Tiisdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 meie jûn ek wer los. Sy spylje om 20.00 oere út tsjin vv Woudsend 1.

SDS MC1
Woansdeitejûn is der wer in jûnswedstriid. Frisia MC1 komt nei Easterein om oan te treden nei SDS MC1. It begjint om 18.45 oere.

SDS MD1
Ek de famkes fan SDS MD1 meie moarntejûn los. Sy spylje om 19.00 oere yn Tsjom tsjin vv Tzum MD1.

Doelpuntenmakkers
Dy lytse Robert skoart der alle wiken mar lekker op los. Stadichoan stelt hij it twadde plakje seker… Sjoch
hjir

Ut in âlde Treffer
Wij fûnen in alderaardichst ferhaal oer in opstelling yn 1992. Neffens in lettere Treffer kamen der twa goeie oplossing binnen. Ien fan Durk Okkema en ien fan Douwe Dirk Reitsma. Wij binne benijd at sij (of oaren) de oplossing no noch witte. Sjoch
hjir.

Wurk ek lid fan GEKE!
As je no lid wurde fan enersjykoöperaasje GEKE dan stypje net allinnich SDS en de natoer, mar krije je ek noch de hiele moanne april 30% koarting op LED-lampen by de ACR yn Winsum. Sjoch 
hjir en meld je oan.

Harsens derby (1707)
Soks kin de besten oerkomme fansels…….