Weppers tiisdei 19-1

Weppers moandei 18-1
18 januari 2010
Weppers woansdei 20-1
19 januari 2010

SDS-sealtoernoai
Sneon 23 jannewaris is der wer in SDS-sealtoernoai foar de senioaren en A-junioaren. Dit begjint om 19.00. Eltsenien kin him opjaan by harren leider of fia info@vv-sds.nl.
 

Trainingsprogramma SDS 2
Mannen fan SDS 2 hjir it programma fan dizze wike:
Tiisdei 19.30 oere traine, (rinskuon meinimme)
Tongersdei 19.00 oere traine (redens meinimme)
Sneon competite Hurdegaryp 2, (fuotbalskuon meinimme)
Skaadwedstryd Nickerbockers 2 ( keatsskuon meinimme)
Gjit dit alles net troch dan Klaverjasse yn de kantine (kaarten meinimme)
Sneon 19.00 oere fuotballe yn de seal (sealskuon meinimme)
Klaas

Trainingsprogramma SDS 3

It tredde giet oansteande tongersdei trainen. Dit sil gebeure op de dyk en net op it fjild, it is dus handig om draafskuon mei te nimmen.
19.00 gean we los. Eltsenien wurdt ferwachte. Fanof nije wike hoopje we wer gewoan op it fjild traine te kinnen.  
Groeten Jan


Sealfuotbal
SDS 1 seal hoecht fan ‘e wike net te sealfuotbaljen. SDS 2 moat al. Sy meie woansdei út tsjin Sneek-WitZwart 3.

SDS League
De transfermerke is iepen oan ’t 31 jannewaris. Wannear ’t dy slút dan kinne jim de SDS League ek wer ynleverje. Wy nimme oan dat mei nammen SC Heerenveen noch wol wat spilers hellet. Sjoch hjir om fêst wat ynspiraasje op te dwaan foar de twadde helte fan de SDS League(klik hjir).

Harsens derby (113)
Hichtepunt fan it ôfrûne wykein wie fansels de goal fan Sibon tsjin PSV. Op it twadde plak stiet in machtich staaltsje fuotbal fan de Belg Fellaini fan Everton tsjin Manchester City: